Henry Kellett
Sir Henry Kellett (2 novimber 1806 - 1 maart 1875) wie in Britsk marineoffisier en ûntdekkingsreizger.
Kellett gie by de Britske marine yn 1822. Hy brocht fiif jier troch yn West-Ynje en tsjinne dêrnei op ferkenningsskippen ûnder William Fitzwilliam Owen yn Afrika en as twadde offisier op HMS Sulphur ûnder Edward Belcher yn East-Ynje en yn de Opium Kriich mei Sina (1840–41).
Yn 1845 waard er beneamd as kaptein fan it ûndersyksskip HMS Herald; krige yn 1848 opdracht om mei te dwaan oan it sykjen nei Sir John Franklin (yn de Kanadeeske Arktyske eilannen). Op dy reis fear er troch de Bering Strjitte, stiek de Tsjûktsjensee oer en ûntduts doe Herald Eilân. Kellett lâne op dat eilân en neamde it nei syn skip. Hy hat doe ek it Wrangel-eilân oan de westlike kym lizzen sjoen. Yn 1852 wie Kellett befelfierder fan HMS Resolute (1850) en kaam doe Robert McClure te help, waans skip Investigator fêst siet yn it iis fan de Arktyk.
Kellett waard skout-by-nacht yn 1854 en besette dêrnei kommandoposten yn West-Ynje en Sina.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeReferinsje
bewurkje seksje- Dit artikel is basearre op in oersetting fan it artikel Henry Kellett fan de Frânske Wikipedy op 13 desimber 2006.