Wrangel (eilân)

(Trochferwiisd fan Wrangel-eilân)

Wrangel (Russysk: остров Врангеля; ostrov Vrangelja) is in eilân yn de Noardlike Iissee benoarden Tsjoekotka en is ferneamd nei baron Ferdinand von Wrangel.

Lokaasje fan Wrangel-eiland yn de Noardlike Iissee
Satellytfoto fan Wrangel

Wrangel leit tusken de Tsjoektsjensee en de East-Sibearyske See. It leit oerskrank by de 180° meridiaan del. De Ynternasjonale datumgrins is justjes nei it easten ferlein om it eilân en it Tsjoektsjenskiereilân op it East-Siberyske fêstelân yn ien en deselde tiidsône te krijen. It tichst yn de buert lizzende lân is it lytse en rotsige Herald dat sa'n 60 kilometer eastliker leit.

Wrangel is likernôch 125 kilometer breed. De oerflakte is 7.600 km². It eilân bestiet út in súdlike kustflakte fan sa'n 15 km. breed, in sintrale heuvelrêch en in noardlike kustflakte fan 25 km breedte en in sa'n bytsje east-west rinnende hichterige, de Tsentralnye-heuvelrige, fan 40 kilometer breed en yn de east-west rjochting fan kust oant kust sa'n 145 kilometer lingte. Dizze heuvelrêch einiget oan beide kanten yn (see)klippen. De toppen fan de hichten binne meast krekt oer de 500 meter. De heechste top op it eilân is de berch Sovetskaja (1096 meter boppe NAP).

Wrangel is sûnt 1974 in natoerreservaat. It hat de grutste populaasjes iisbearen en walrussen fan de wrâld. Op de toendra fynt men guozzen, muskusoksen en rindieren. Yn it sûnt 2003 ûnbewenne doarp Oesjakovskoje is in besikerssintrum dêr't ekskursjes troch de rûge natoer organisearre wurde. Oare eardere doarpen op Wrangel binne Zvjozdny (bewesten fan Oesjakovskoje) en it kamp Perkatkoen (yn it binnenlân, by de rivier en berch Pyrkatkoen).

Wrangel hat in strang poalklimaat en is it grutste part fan it jier mei drûge en kâlde wolkemassa's bedutsen. Allinne yn de simmer kin der út it súdeasten wei waarmere fochtige lucht it eilân berikke. Ut en troch komt der ek drûge waarmere lucht fan Sibearje.

De winters binne der lang en wurde skaaimerke troch fêst froastich waar en noardlike winen. De temperatuer bliuwt sa, 9 moannen ûnder it nulpunt. Yn febrewaris en maart komme der faak sniestoarmen foar mei faasjes fan mear as 140 km/o. De koarte simmers binne koel, mar wol betreklik waarm trochdat de middernachtsinne de temperatuer boppe nul hâldt. Froast en sniefal komme ek dan wol foar, mar meastal is it eilân simmerdeis mistich. Yn it binnenlân is it waar wat waarmer en drûger út reden fan topografyske skaaimerken dy't it ûntstean fan föhnwinen befoarderje. De relative luchtfochtigens is trochsneed 82%.

Prehistoarje

bewurkje seksje

Gelearden binne tsjintwurdich fan betinken dat Wrangel it lêste plak op ierde west hat dêr't in isolearre kloft wollige mammoeten libbe hat, oant harren útstjerren sa'n 4000 jier lyn. [1] It liket derop dat in lytse soarte op Wrangel in skoft oerlibbe hat, in fariant fan de gruttere mammoet yn Sibearje. It kin ek sa wêze dat de mammoet hjir lytser bleaun is troch in tekoart oan fretten. In kombinaasje fan klimaatferoarings en de jacht troch minsken hat wierskynlik harren útstjerren tige befoardere op dit hast altyd beferzen, mei snie oerdutsen eilân. In fergelykbere ûntjouwing hat der west op it eilân Malta wat de Dwerchoaljefant, fan Afrikaansk komôf, oanbelanget.

It bewiis foar prehistoaryske minsklike bewenning waard fûn yn 1975 op it plak Tsjertov Ovrag.[2] Dêr waarden ferskate stiennen en ivoaren soarten ark fûn, ûnder oaren harpoenen. C12 datearring lit sjen dat de minsklike oanwêzigens rûchwei oerienkomt mei dy fan de lêste mammoeten; dat wie likernôch yn 1700 f.Kr., mar hurd bewiis fan mammoetjacht is net fûn.

Britske en Amerikaanske ekspedysjes

bewurkje seksje

Yn 1849 lanne Henry Kellett, kaptein fan HMS Herald op it eilân en neamde it Herald Island, en hoewol't er yn it westen in oar eilân seach, dat er "Plover Island" neamde, waard it op de kaarten fan de Britske Admiraliteit oantsjut mei "Kellett Land."

De earste lanning dêr't in ferslach fan is, wie dy fan de Dútske walfiskjager Eduard Dallmann, yn 1866.[3]

Augustus 1867 kaam Thomas Long, in Amerikaanske kaptein fan in walfiskfarder, oant op 15 km foar de kust fan it eilân. Hy neamde it Wrangell Land nei Ferdinant von Wrangel.

George W. DeLong, haad fan in ekspedysje yn 1879 dy't nei de Noardpoal woe, rekke mei syn skip fêst yn it iis en dreaun ôf oant flakby Wrangel. It skip waard fan it iis tesplintere en sonk. Op 12 augustus 1881 lanne in groep fan de United States Revenue Cutter Service op it eilân dy't it opeaske foar de Feriene Steaten en it "New Columbia" neamde[4] In ekspedysje ûnder kommando fan Calvin L. Hooper socht de Jeannette en twa fermiste walfiskjagers yn dy kriten. Dêrneist ferkenden hja de fierdere regio; de natoerûndersiker John Muir wie derby. Hy publisearre letter de earste beskriuwing fan Wrangel-eilân.

 
Arktyske toendra op Wrangel-eilân

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vartanyan. S. L. et al., 1995. Radiocarbon Dating Evidence for Mammoths on Wrangel Island, Arctic Ocean, until 2000 BC yn Radiocarbon [1]
  2. Dikov, N. N. , 1988 The Earliest Sea Mammal Hunters of Wrangell Island yn Arctic Anthropology, diel 25, siden 80–93
  3. Tammiksaar, E. en N.G. Sukhova mei I.R. Stone, 1999; Hypothesis Versus Fact: August Petermann and Polar Research yn Arctic [2]
  4. Muir, John, 1917, The Cruise of the Corwin: Journal of the Arctic Expedition of 1881 in search of De Long and the Jeannette. Norman S. Berg, Dunwoody, Georgia. (John Muir's description of the 1881 exploration of Wrangel Island.)