Lingtegraad

(Trochferwiisd fan Meridiaan (geografy))

De lingtegraad is tegearre mei de breedtegraad in geografyske posysjeoantsjutting yn bolkoördinaten. De lingtegraad is de hoek tusken it flak troch in punt en de omwintelingsas fan it bolfoarmich lichem en it flak troch de nulmeridiaan of referinsjemeridiaan. Foar de koördinaten op ierde farieart de lingtegraad fan 0° oant 180°, mei as tafoeging E.L. (easterlingte, ten easten fan de nulmeridiaan, op it eastlik healrûn) of W.L. (westerlingte, ten westen fan de nulmeridiaan, op it westlik healrûn). Wannear in teken takend wurdt, wurdt easterlingte as in positive wearde en westerlingte as in negative wearde werrjûn. De ôfstân fan de lingtegraad is ôfhinklik fan de breedte en farieart fan rom 111 kilometer op de evener oant nul op de poalen.

Kaart fan de wrâld sjoen fanôf rjocht boppe de noardpoal. De meridianen rinne rjocht, divergearjend fanôf de noardpoal.

In lingtesirkel of meridiaan is de line dy't alle punten ferbynt mei deselde geografyske lingte. Alle lingtesirkels binne like lang en rinne as heale grutsirkels tusken de poalen. De ôfstân tusken de lingtesirkels farieart sterk mei de geografyske breedte: op de evener is de ôfstân tusken twa lingtesirkels mei in ferskil fan ien graad ûngefear 111 km. Op de poalen is dizze ôfstân lyk oan nul. De ôfstân op de evener tusken twa lingtesirkels dy't 1 bôgeminút (1/60°) fan elkoar lizze is ien seemyl:

1 NM (Seemyl, Ingelsk: Nautical Mile, ôfkoarte NM) = 40.000 km / (360 graden x 60 minuten) = 1,852 km.

Keppeling om utens

bewurkje seksje