Henry Thomas (bluesmuzikant)
Henry Thomas (1874-1930?) wie in Amerikaanske country bluessjonger en muzikant. Hoewol't syn platekarriêre oan de ein fan de jierren 1920 koart wie, beynfloede Thomas artysten as Bob Dylan, Taj Mahal, The Lovin' Spoonful, The Grateful Dead en Canned Heat. Thomas syn styl, dy't faak omskreaun wurdt as Ragtime Texas, is in ier foarbyld fan wat letter bekend waard as Texas blues-gitaar.
Henry Thomas (bluesmuzikant) | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Henry Thomas, 1921 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1874 | |
berteplak | Big Sandy (Teksas) | |
stoarn | 1930 | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Country blues, ragtime, gospel | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Akoestyske gitaar | |
grutste hit(s) | Bull Doze Blues/Going Up The Country, Don’t Ease Me In |
Libben en wurk
bewurkje seksjeThomas waard berne yn in húshâlding fan befrijde slaven yn Big Sandy, Texas, yn 1874. Nei't er yn syn tsienerjierren it hûs út gien wie begûn as swalker by de spoarlinen fan Texas del te reizgjen. Uteinlik fertsjinne er syn brea as rûnreizgjende sjonger, dy't sawol de lokale befolking as spoarweiarbeiders ferdivedearre.
Hy naam tusken 1927 en 1929 24 nûmers op foar Vocalion Records, dêr't 23 fan útbrocht waarden. Se befetsje reels, gospelsongs, minstrel songs, ragtimenûmers en blues. Njonken gitaar spile Thomas op quills, in folksynstrumint makke fan reid dêr't it lûd fan ferlykber is mei de zampona (panfluit) dêr't muzikanten yn Perû en Bolivia op spylje. Thomas syn styl fan gitaarspyljen wie wierskynlik ôflaat fan banjo-picking-stilen.
Syn libben en karriêre nei syn lêste opnamen yn 1929 binne net beskreaun. Hoewol't de bluessaakkundige Mack McCormick ferklearre dat er yn 1949 yn Houston in man seach dy 't foldie oan Thomas syn beskriuwing, wolle de measte biografen hawwe dat Thomas stoar yn 1930, doe't er 55 of 56 jier âld west hawwe soe.
Plate-opnames foar Vocalion Records
bewurkje seksjePublikaasjejier | A-kant | B-kant | Opnamedatum | Label, nr. | Opnameplak | Ynstruminten |
---|---|---|---|---|---|---|
1927 | John Henry | Cottonfield Blues | 1927-07-05 | Vocalion 1094 | Chicago | fokaal, gitaar, quills |
1927 | The Fox and the Hounds | Red River Blues | 1927-10-05 | Vocalion 1137 | Chicago | fok, git, quills |
1927 | The Little Red Caboose | Bob McKinney | 1927-10-05 | Vocalion 1138 | Chicago | fok, git, quills |
1927 | Shanty Blues | Woodhouse Blues | 1927-10-07 | Vocalion 1139 | Chicago | fok, git |
1927 | Jonah in the Wilderness | When the Train Comes Along | 1927-10-07 | Vocalion 1140 | Chicago | fok, git |
1927 | Honey, Won't You Allow Me One More Chance | Run, Mollie, Run | 1927-10-07 | Vocalion 1141 | Chicago | fok, git, quills |
1928 | Don’t Ease Me In | Texas Easy Street Blues | 1928-06-13 | Vocalion 1197 | Chicago | fok, git |
1928 | Bull-Doze Blues | Old Country Stomp | 1928-06-13 | Vocalion 1230 | Chicago | fok, git, quills |
1928 | Texas Worried Blues | Fishing Blues | 1928-06-13 | Vocalion 1249 | Chicago | fok, git, quills |
1928 | Arkansas | Georgia Tom and Tampa Red, Lonesome Man Blues | 1927-07-01 | Vocalion 1286 | fok, git | |
1929 | Railroadin' Some | Don’t Leave Me Here | 1929-10-07 | Vocalion 1443 | Chicago | fok, git, quills |
1929 | Charmin' Betsy | Lovin' Babe | 1929-10-07 | Vocalion 1468 | Chicago | fok, git, quills |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|