Herfoarme tsjerke (Iens)
De tsjerke fan Iens is ien fan de twa tsjerken fan de herfoarme gemeente Spannum-Iens. De herfoarme gemeente is oansletten by de PKN.
Herfoarme tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Iens | |
adres | Van Burmaniawei 3 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1200, 1874 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 21531 | |
offisjele webside | ||
Herfoarme gemeente Spannum-Iens |
Skiednis
bewurkje seksjeDe út likernôch 1200 datearjende tsjerke ferlear by in ferbouwing yn 1874 in grut diel fan de midsiuwske muorren. It koer en de súdlike muorre waarden fernijd, wylst de noardlike muorre en in diel fan de toer oarspronklik bleau en noch romaanske spoaren besit. Yn dy tiid waard de tsjerke ek grutter makke en dat is te sjen oan de reinwetterbak fan 1783, dy't eartiids fansels bûten de tsjerke lei mar tsjintwurdich ûnder de flier fan it eastlike koer. Op it eastlike ein fan it dak stiet in stjer, dy't der al foar 1746 stien hat.
Ynterieur
bewurkje seksjeFan it midsiuwske ynterieur is útsein de alterstien fierder neat bewarre bleaun. Yn it gongpaad tusken de banken leit in grêfsark fan Bocke fan Burmania, ferstoarn yn 1553. De lûkbalken sille nei alle gedachten by de ferbouwing fan 1874 ferfongen wêze. De preekstoel stiet oan it eastlike ein en stamt út de 17e iuw. De rest fan de ynrjochting stamt fan 1763 en 1874. De alterstien dy't by de restauraasje fûn waard en út de roomske tiid fan de tsjerke datearret, tsjinnet tsjintwurdich as blêd foar de nachtmielstafel. Oan de noardlike muorre hinget in restant fan in rouboerd foar immen fan de Burmania's.
Eartiids hie de tsjerke twa klokken yn de toer. De grutte klok wie yn 1612 getten troch Henrick Wegewart en de lytse yn 1665 troch Jurjen Balthasar. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de klokken troch de besetter foardere en de lytse klok kaam letter net werom.
Oargel
bewurkje seksjeIt Hardoff-oargel út 1860 waard yn 1915 ferfongen troch in nij pneumatysk oargel fan A. Standaart. Yn 1976 waard it binnenwurk en de spyltafel fan it Standaart-oargel ôfbrutsen. De oargelkas bleau stean en dêrefter waard in elektroanysk oargel fan Heijligers del set.[1]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|