Herfoarme tsjerke (Mildaam)

De Herfoarme tsjerke wie foarhinne de tsjerke fan de herfoarme gemeente fan Mildaam. Yn 'e tsjerke is tsjintwurdich in atelier ûnderbrocht. It tsjerkhôf is eigendom fan de protestanske gemeente fan Mildaam.

Herfoarme tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak Mildaam
adres Skoatterlânskewei 37
koördinaten 52° 56' N 5° 59' E
Tsjerklike gegevens
status bûten gebrûk steld, no: atelier
Arsjitektuer
boujier 1726
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21184
Kaart
Herfoarme tsjerke (Fryslân)
Herfoarme tsjerke

It ienfâldige gebou datearret fan 1726 en waard al yn 1964 sletten foar de earetsjinst. Foar de tsjerke drige doe ôfbraak, mar it doarp krige it foar inoar om de tsjerke te restaurearjen. De sealtsjerke mei in trijesidich koer is in ryksmonumint.

De preekstoel is noch altiten yn it gebou oanwêzich, de banken binne weihelle. De tsjerke hat gjin oargel.

Noardlik fan de tsjerke stiet op it hôf in klokkestoel, dy't yn 1935 in âldere klokkestoel ferfong. De klok mei in diameter fan 68,9 sintimeter stamt út 1986 en waard getten troch Eijsbouts, Asten. Oarspronklik hong dy klok yn Hoarnstersweach, mar mei de bou fan in nije klokkestoel dêr binne de klokken ruild. De âldere klok fan Petrus Overney ferhûze doe fan Mildaam nei de nije klokkestoel fan Hoarnstersweach.

De tsjerke foar de restauraasje yn 1979

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: