Herschwiesen
It doarp Herschwiesen is in Ortsbezirk fan de Dútske stêd Boppard yn Rynlân-Palts. It plak leit op de Hunsrück tusken de Ryn en de Mûzel. Oant 1975 wie Herschwiesen in selsstannige gemeente.
Herschwiesen | ||
Sicht op it doarp Herschwiesen mei de barokke Pankratiustsjerke | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
Stedsyndieling | Boppard | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 336 (2021) | |
Hichte | 325 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 56154 | |
Koördinaten | 50° 12' N 7° 29' E | |
Offisjele webside | ||
GV Herschwiesen | ||
Kaart | ||
It besjen wurdich
bewurkje seksjeYn it sintrum fan Herschwiesen leit de barokke Sint-Pankratiustsjerke. Njonken dizze monumintale tsjerke hat it plak in stikmannich fakwurkhûzen út de 17e en 18e iuw. Om it doarp hinne leit in grut areaal mei fruchtbeammen. Der binne ferskate kuierpaden oanlein dy't troch dy hôven liede.
Tichteby leit it plakje Windhausen, dat by it doarp Herschwiesen rekkene wurdt. Yn de kapel fan Windhausen wurdt in byld fan in Swarte Madonna fereare. Krekt efkes bûten it doarp leit hjir ek it kastiel Schöneck. De boarch is lykwols net tagonklik foar it publyk. By it doarp leit de tagong ta it kuierpaad troch it ravyn fan de Ehrbach (Ehrbachklamm).
Ôfbyldings
bewurkje seksje-
Tsjerke en pastorij
-
Weikrús oan de râne fan it doarp
-
Kapel fan de Swarte Madonna yn Windhausen
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Herschwiesen fan Wikimedia Commons. |