Hersteld Herfoarme tsjerke (Elspeet)
De Hersteld Herfoarme tsjerke of Rehobôthtsjerke (Nederlânsk: Rehobothkerk) is it tsjerkegebou fan de hersteld herfoarme gemeente yn Elspeet yn de provinsje Gelderlân.
Hersteld Herfoarme tsjerke
Hersteld Hervormde kerk | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | Elspeet | |
adres | Vierhouterweg 45 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 2010 | |
arsjitekt | Van Beijnum Architecten, Amerongen | |
offisjele webside | ||
Side fan de tsjerklike gemeente |
SkiednisBewurkje
De nije tsjerke waard op 19 maaie 2010 yn gebrûk nommen troch de hersteld herfoarme gemeente fan Elspeet. Dûmny H. Zweistra preke by dy gelegenheid út it bibelboek Hannelingen 2:37-47. Yn de tsjerke is plak foar 1000 minsken en ynklusyf de galerijen 1250 minsken.
De nijbou is in ûntwerp fan Van Beijnum út Amerongen, in arsjitektburo dat mear tekeningen foar nije tsjerken foar it yn 2004 oprjochte tsjerkegenoatskip levere.
OargelBewurkje
It oargel fan de tsjerke is in ynstrumint dat troch de firma Oscar Metzler & Söhne oarspronklik boud waard foar de kleastertsjerke yn it Switserske Wettingen. Norbert Sperschneider ferhûze it oargel yn 1991 nei de Hillich Herttsjerke (Herz Jesukirche) fan Weimar yn Dútslân. Om't it oargel dêr it sicht op it roasfinster weinaam, waard it te keap oanbean. Nei de keap demontearre in fiifkoppige oargelkommisje it ynstrumint om it nei Elspeet te bringen. Mei help fan in soad frijwilligers waard it yn de nije Hersteld Herfoarme tsjerke opboud. It front fan it oargel is hielendal nij. Yn 2013 waard it ynstrumint troch Ide Boogaard mei in rêchwurk útwreide ta in trijemanualich oargel.[1]
KlokkenBewurkje
Yn de toer fan de Rehobothtsjerke hingje twa klokken dy't ôfkomstich binne útde Marijetsjerke (Mariakerk) út Soest.
Keppeling om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|