Hertel (Wiskonsin)

Hertel is in gemeentefrij doarp (unincorporated community) yn it noardwestlike part fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. It leit yn 'e county Burnett en makket bestjoerlik ûnderdiel út fan it stedsje (town) La Follette. Hertel leit oan 'e snelwei Wisconsin Highway 70, westlik fan Spooner. It hie in eigen postkantoar, mar dat gie op 13 septimber 1997 ticht. Yn 'e útbuorren Sandy Lake, dy't ûnder Hertel falt, is it haadkertier fêstige fan 'e federaal erkende St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin.

Hertel
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Wiskonsin
County Burnett County
Gemeente (town) La Follette
Sifers
Ynwennertal 140 (2010)
Hichte 316 m
Oar
Stifting 2e helte 19e iuw
Tiidsône UTC –6
Simmertiid UTC –5
Koördinaten 45°48′31″N 92°10′31″W
Kaart
Hertel (Wiskonsin)
Hertel
De lizzing fan Hertel yn 'e steat Wiskonsin.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Hertel doe 140 ynwenners. Dêrfan wie 21% âlder as 65 jier en 15% jonger as 18 jier.[1]

Hertel hat in lânklimaat, mei waarme simmers en kâlde, snieïge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 26,9 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is de trochsneed temperatuer nachts –17,5 °C. Hertel kriget jiers trochinoar 810 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 132 sm snie.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Demografy fan Hertel (Wiskonsin)
  2. Klimaat yn Hertel (Wiskonsin)

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.