De hertz (symboal: Hz, gjin meartal) is de SI-ienheid fan frekwinsje. De hertz wurdt brûkt by periodike (him werheljende) ferskynsels. 1 Hz komt dêrby oerien mei in perioade fan 1 sekonde. Soe immen geregeld, ienkear yn de sekonde, op in tafel tikje, dan hat dat tikjen in frekwinsje fan 1 Hz. Tikket de persoan flugger, bygelyks twa kear yn de sekonde (de perioade is dan 0,5 s), dan is de frekwinsje 2 Hz. Yn SI-basisienheden útdrukt komt de Hz oerien mei s-¹.

De hertz wurdt faak útdrukt yn mearfâlden mei ien fan de offisjele SI-prefiksen: kilohertz (1 kHz = 103 Hz), megahertz (1 MHz = 106 Hz), gigahertz (1 GHz = 109 Hz), tearahertz (1 THz = 1012 Hz), petahertz (1 PHz = 1015 Hz), eksahertz (1 EHz = 1018 Hz), en settahertz (1 ZHz = 1021 Hz). Tink om it krekte brûken fan de haadletters, want dit wurdt faak ferkeard dien.

Nammejouwing bewurkje seksje

De frekwinsje-ienheid is neamd nei de Dútske natuerkundige Heinrich Hertz, dy't wichtige bydragen levere op it mêd fan elektromagnetisme.

De namme hertz waard oannomd troch de CGPM (Conférence générale des poids et mesures) yn 1960. Oant dy tiid waard frekwinsje ornaris útdrukt yn trillings per sekonde, yn it Ingelsk cycles per second (cps), mei ûnder mear mearfâlden kilocycles (kc) en megacycles (Mc). Dizze ienheden binne yn de jierren santich fan de tweintichste iuw geandewei ferfongen troch de hertz, hoewol't de cps yn Angelsaksyske lannen noch faak brûkt wurdt.

Formulenotaasje bewurkje seksje

Yn natuerkundige formules wurdt de frekwinsje faak net útdrukt yn hertz, mar yn in mear tapaslike ienheid as radialen per sekonde. Men sprekt dan oer hoeksnelheid of hoekfrekwinsje. Ien radiaal per sekonde komt oerien mei 2π kear de trillingsfrekwinsje yn Hz. It symboal yn dat soarte formules is ω (omega).

Ynstee fan frekwinsje (yn hertz) wurdt by de besprekking fan golfferskynsels meastal de golflingte brûkt. De relaasje is v = λ × f, wêrby't f de frekwinsje yn hertz is, v (hjir de gewoane letter v, net de Grykske ν (nu)) de fuortplantingssnelheid yn meter per sekonde en λ de golflingte yn meter.

Inkele foarbylden bewurkje seksje

  • Radioweagen: De frekwinsje fan radioweachen wurdt útdrukt yn kHz, MHz, of GHz. Neigeraden de radiobân (benammen by de lange-, midden- en koarte-golfbân) waard eartiids faak de weachlingte (yn fakuüm) neamd. De weachlingte is omkeard evenredich mei de frekwinsje: it produkt fan golflingte (yn meters) en frekwinsje (yn MHz) is ± 300. Yn tsjinstelling ta de frekwinsje is de golflingte fan in sinjaal in bytsje ôfhinklik fan it medium dêr't de golf him yn fuortplantet. Yn de praktyk wurdt noch faak it wurd 'golflingte' brûkt as 'frekwinsje' bedoeld wurdt. Dan stiet yn it programmablêd in side mei it opskrift 'Golflingten' wylst dêrûnder allinnich frekwinsjes oanjûn binne.
  • Lûd: It gehoar fan in jong bern kin lûdstrillings mei in frekwinsje tusken 20 Hz en 24 000 Hz waarnimme as lûd. De boppegrins nimt ôf nei gelang men âlder wurdt oant ûnder ± 10 000 by bygelyks 50-plussers. Foar de lûden tusken 500 en 8000 Hz is ús ear it gefoelichst. Dit lêste is ek it gebiet wêryn de fersteanberheid fan de minsklike stim de grutste rol spilet.
  • Ljocht: Read ljocht hat in frekwinsje fan ± 4,6 × 1014 Hz. Omdat sa'n hege wearde troch de hjoeddeiske apparatuer ûnmooglik te mjitten is, wurdt de eigenskip fan ljocht meastal útdrukt as golflingte. Read rjocht komt dan oerien mei ± 800 nm (0,8 × 10-6m) en blau/fiolet mei 400 nm.

Sjoch ek bewurkje seksje