Herweystate
Herweystate, mooglik ek: Grut Aylva, stie krekt besuden Ternaard, yn de gemeente West-Dongeradiel. Fan de state is neat werom te finen.
De stins Heerwey wurdt as wenplak yn 1425 foar it earst neamd. Herwey en Reinsma wienen de twa wichtichste huzen yn Ternaard. Yn de 15e iuw komme ferskate haadlingen foar mei de namme Herweisma, tho Heerwey, Hertwey.
Yn 1425 wie Uffa tho Heerwey grytman oer it dan noch net opdielde Dongeradiel. Syn soan wie mooglik Gherck to da Herewey, dy't yn 1444 mei oare haadlingen in bûn mei de stêd Grins sluet en yn 1453 in stik oer de merken fan Eastergoa mei ûndertekene. Hy wie neffens de genealogy fan Upcke fan Burmania troud mei in Doed, dy't letter mei in haadling Jaersma, grif út Holwert troude. Gherck syn soan Botte tho Herwey ûndertekene yn 1493 ek in bûn mei Grins. Yn 1487 sluet Botte in akkoart mei syn suster Auck oer de erfenis fan harren âlden.
Bewenners
bewurkje seksje- 1425 Uffa tho Heerwey
- 1444 Gherck to da Herewey
- 1493 Botte tho Herwey
- 1511 Gerleff Bottez thoe Herwey
- oant 1540 Saeck Gerlofs van Herwey en Fedde van Haerda
- 1540 – 1558 Fedde fan Haerda
- 1558 - 1568 Pybe fan Haerda
- 1596 – 1627 Ernst fan Aylva
- 1627 – 1636 Douwe fan Aylva I
- 1636 Douwe fan Aylva II en Luts fan Meckema
- Luts van Meckema
- Luts van Aylva en Feye van Scheltema
- 1748 - 1770 Johanna Wilhelmina van Schratenbach
- oant 1791 erfgenamten fan Johanna Wilhelmina fan Schratenbach en Eduard Hobbe fan Burmania
- sûnt 1791 Johan Sippo fan Harinxma thoe Slooten
- 1818 Notaris Jan Klaassens († 1856)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|