Het Land van Ooit

"Het Land van Ooit" wie in belibbingspark yn Drunen yn Noard-Brabân, mei in oerflakte fan 34 hektare. It waard oprjochte yn 1989 troch Marc Taminiau, dy't dêrfoar fjouwer jier direkteur eksploitaasje en noch earder twa jier haad reklame en publisiteit by de Efteling wie[1]. De lieding wie oant de ein ta hieltyd yn hannen fan ferskate leden fan de famylje Taminiau. It park is meardere kearen yn betellingsswierrichheden rekke en sleat foargoed op 21 novimber 2007 de doarren.

Het Land van Ooit
  ferdivedaasjepark
Reus Dan (1989)
Reus Dan (1989)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Gemeente Heusden
plak Drunen
adres Spoorlaan
koördinaten 51° 41' NB, 5° 10' EL
bysûnderheden
type Belibbingspark
eigner famylje Taminiau
iepen 1989
oerflak 34 ha
attraksjes 15
wetterattr. 1
skiednis
iepening 28 april 1989
sluting 21 novimber 2007
gebou
boujier 1989
kaart
Het Land van Ooit (Noard-Brabân)
Het Land van Ooit
Lokaasje fan "Het Land van Ooit".

It wie in park om in riddertema hinne dêr't in soad klam by lei op teäter: der wiene in protte akteurs dy't yn it park omrûnen en in personaazje spilen út it ferhaal, alles ûnder it motto bern binne de baas. De "gûverneur" wie de bestjoerder, "Graaf Wildebras fan Ooit" & "Gravinne Rondalia fan Ooit wiene de "steatshaaden". Hoewol't der in soad klam op teäter lei, seach it park him healwei de njoggentiger jierren troch weromrinnende besikersoantallen twongen om inkelde "rappe attraksjes" oan it park ta te foegjen om sa mear klandyzje te lûken.

"Het Land van Ooit" prate oer himsels as wie it in echt lân, mei ynwenners [(Ooiters), oarelanners (net-Ooiters), grinzen, ridders (de besykjende bern), en har lakeien (de âldelju). Yn "Het Land van Ooit" waard ek in frjemde faluta hantearre, nammentlik de OoitSent en besikers moasten in fisum (tagonskaartsje) keapje oan de grins (yngong fan it park) om binnen te meien. Dêrneist jilde der yn it park in saneamde regel dat de bern de baas binne, en net harren âlden. De oprjochting fan de "steat" waard sels hiel offisjeel (mar troch middel fan in advertinsje) "proklamearre" yn de echte Nederlânske Steatskourant.

Kenmerkjend oan it park wiene ek alle buordsjes oan de kant mei humoristysk bedoelde en faak rymjende opmerkingen oer wat der te sjen wie (bygelyks oer in omfallen beam). In weromkommend bist yn it tema fan "Het Land van Ooit" is dêrneist de swan. De swan wie yn it park ûnder oare werom te finen op rjochtingoanwizers en poarten.

Yn "Het Land van Ooit" waarden fan 1997 oant 1999 alle dagen riddergefjochten holden tusken de wite, giele, reade, en de gemiene swarte ridder. Neidat by fersin de Swarte Ridder echt deastutsen waard, hâldt it park op mei de riddergefjochten.

Yn 2007 waard "Het Land van Ooit" fallyt ferklearre. "Het Land van Ooit" gie yn 2006 alris earder oer de kop. Nei in trochstart bleau it tal besikers tsjinfallen. As oarsaken waard troch de famylje Tamineau hege opstartkosten en it minne waar neamd. Ek de negative publisiteit oer de Belgyske ferzje Ooit Tongeren. Dat op 16 juny 2007 yn Tongeren troch de famylje Tamineau iepene waard en binnen trije moannen nei de iepening op 28 augustus fallyt gie, soe der foar soarge hawwe dat it park yn Drunen de poarten slute moast. Yn maart 2008 wie de eksekúsjeferkeap fan de replike besittingen.

De gemeente Heusden kocht de grûn en de opstallen. De gemeente soarget foar it natuergebiet en kastiel. Yn 2009 hat de gemeente Heusden de namme fan it terrein feroare yn "Poort van Heusden". Yn it neijier fan 2015 binne de restanten fan de troanseal en oare bouwurken mei de grûn gelyk makke.[2] It park waard as kuiergebiet foar elkenien iepensteld. Yn 2020 waard it iennichste restearjende gebou fan it eardere "Het Land van Ooit", it "Rôze Kastiel", yn de stegers set foar in renovaasje. Dêrby hat de rôze farve plakmakke foar kleuren dy't oerienkomme mei it oarspronklike kleureskema út 1875.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Eftelpedia, Riedplachte op 28-6-2024
  2. Hjoed de dei (2024) binne der op it terrein noch altyd restanten fan "Het Land van Ooit" op it terrein werom te finen. Bygelyks rails fan in attraksje en in tal keunstwurken. (Boarne de sosjale media.)
  • Wikipedy:NL