Het Lichtbaken (Bûtenpost)
Het Lichtbaken (It Ljochtbeaken) is de tsjerke fan de Kristengemeente yn Bûtenpost. De gemeente is ien fan de hurdst groeiende tsjerkemienskippen fan Noardeast Fryslân.
Het Lichtbaken | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Bûtenpost | |
adres | Marconistrjitte 5 | |
koördinaten | 53° 15' N 6° 08' E | |
Webside | ||
Side Kristengemeente Bûtenpost | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe gemeente waard yn 2005 oprjochte troch in tal minsken dy't harren net mear fine koene yn de PKN-gemeente. De tsjinsten fan de jonge gemeente waarden earst fierd yn de frijmakke Fonteintsjerke fan Bûtenpost, mar troch de grutte oanwaaks moast de gemeente ferhûzje nei de AOC-skoalle oan de Prof. Wassenbergstrjitte. Ek dy lokaasje waard al gau te lyts en yn 2011 kocht de gemeente in bedriuwspân op De Swadde oan en ferboude dat ta in tserklik sintrum fan de gemeente.
De gemeente hat in evangelysk profyl en alhoewol't de measte leden út Bûtenpost komme, komt ek in grut tal fan de leden út de omkriten.[1][2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|