Heyweiler is in doarp dat sintraal op 'e Hunsrück yn 'e ferbânsgemeente Kastellaun fan 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts leit. It doarp leit súd fan 'e Baybach en noardlik fan Beltheim yn it beskerme lânskip Moselgebiet von Schweich bis Koblenz.

Heyweiler

Ortsgemeinde Beltheim

Protestantske tsjerke
Protestantske tsjerke
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
ferbânsgemeente Kastellaun
Sifers
Ynwennertal 208 (2011)
Hichte 370 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 56290
Koördinaten 50° 7' N 7° 27' E
Offisjele webside
www.beltheim.de-heyweiler
Kaart
Heyweiler (Rynlân-Palts)
Heyweiler

Oant 17 maart 1974 wie Heyweiler in selstannige gemeente. Sûnt makket Heyweiler diel út fan 'e Ortsgemeinde Beltheim.

 
Kriichsmonumint.

Yn 1557 waard de kalvinistyske reformaasje ynfierd, mar it skaai Walpott, dat it dêr foar it sizzen hie, bleau katolike en dat fersoarsake in grutte religieuze striid yn 'e krite.

Healwei de 18e iuw krige Heyweiler in eigen tsjerke, dy't yn 1914 troch in nije tsjerke ferfongen waard. Ek hjoed-de-dei foarmet it doarp noch in protestantske enklave yn in katolike omjouwing.

Tradisjoneel is Heyweiler in agrarysk doarp. Eartiids wurke elkenien yn 'e lânbou, mar hjoed-de-dei binne der noch mar in pear buorkerijen. Ek it toerisme, dat yn 'e jierren 1970 opgong makke, is hjoed-de-dei ôfnommen, sadat ek it hotel syn doarren slute moast.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Heyweiler fan Wikimedia Commons.