Hiddensee
Hiddensee is in Dútsk eilân yn de Eastsee. It leit bewesten lâns it eilân Rugen dat stikken grutter is. Om't de foarm op dy fan in seehynderke liket, wurdt dat bistke as 'poppenamme' en yn it wapen brûkt. It eilân Hiddensee leit yn de dielsteat Meklenburch-Foarpommeren en heart ta de Landkreis Foarpommeren-Rugen.
Eilân Hiddensee | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Meklenburch-Foarpommeren | |
Landkreis | Foarpommeren-Rugen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 988 (2014) | |
Oerflak | 19,02 km² | |
Befolkingsticht. | 52 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 18565 |
Op Hiddensee binne de Dútske skriuwers Gerhart Hauptmann en Walter Felsenstein beïerdige.
Namme
bewurkje seksjeDe namme Hedinsey komt al foar yn de Edda en mannich âlde boarne. Hy betsjut eat as Eilân fan Hedin. Dy legindaryske Noarske kening Hedin moat dêr fochten hawwe om in frou of miskien wiene goud en jild krekt wichtiger. Under it Deenske bewâld waard offisjeel de namme Hedins-Oe brûkt. Oant 1880 ta hiet it eilân op Dútske kaarten ek Hiddensjö; yn 1929 hiene Dútske reisgidsen it noch oer Hiddensöe. It omneamen nei de Dútske foarm Hiddensee is dus betreklik jong.
Geografy
bewurkje seksjeIt eilân is ûngefear 16,8 km lang, op it smelste punt sa'n 250 m en op it breedste punt sa'n 3,7 km breed. Hiddensee is fral bekend om syn sânstrannen en grutte natuergebieten.
Ferfier
bewurkje seksjeHiddensee is foar motorferkear sletten, útsein foar publike tsjinsten en lânbou. Dat it eilân is feitlik autofrij. Toeristen kinne mei de bus, fyts of hynder en wein. It eilân is middels feartsjinsten ferbûn mei Schaprode op Rügen en mei Stralsund op it fêstelân. Ek binne der farferbiningen tusken Neuendorf, Vitten en Kloster op it eilân sels. Grieben hat gjin ferbining oer it wetter.
-
Hiddensee út it noarden
-
Kloster
-
Gellen, de súdpunt fan it eilân
Meklenburch-Foarpommeren | ||
---|---|---|
Landkreise Foarpommeren-Greifswald - Foarpommeren-Rügen - Ludwigslust-Parchim - Mecklenburgische Seenplatte - Noardwest-Meklenburch - Rostock | ||
Kreisfreie Städte | ||
· · |