Hille Butter
Hillegond (Hille) Butter (Volendam, 6 july 1891 – dêre, novimber 1968) wie in Nederlânsk skildersmodel, neffens keunstners yn har tiid it meast kreaze model fan Volendam.
Hille Butter | ||
model | ||
Hille Butter om 1915 hinne | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hillegond Butter | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 6 july 1891 | |
berteplak | Volendam | |
stoarn | 1968 | |
stjerplak | Folendam |
Libben en wurk
bewurkje seksjeHille of Hilletje Butter wie in dochter fan de fiskersfeint Cornelis Butter en Geertje Schilder. Se troude yn 1911 mei de seeman Evert Veerman, mei wa't hja in dochter en in soan krige. It pear gie útinoar yn 1925; faaks wie dat de earste offisjele skieding yn it doarp Volendam.
Sy gou as in selsstannige en belêzen frou, se lies trije kranten deis, mei in eigen biblioteek. Butter wurke by it hotel fan Leendert Spaander. Se krige yn it hotel en thús bestite fan ûnder oaren de skriuwer Frederik van Eeden,[1] prins Hendrik en ferskate keunstners. Dy lêste groep, ûnder wa't Max Cramer, Johan Gabriëlse, Willy Sluiter[2], Lammert van der Tonge[3] en Charles van Wijk wiene, leine har fêst op doek of yn stien, faak yn Volendamske dracht mei hul en bloedkoralen keatling. Ek figurearre se geregeldwei op Volendamske foto's en ansichtkaarten. Wurk mei har byltnis is ûnder mear te finen yn de keunstsamling fan hotel Spaander, it Waterlands Archief en by it Suderseemuseum.
Galery
bewurkje seksje-
Johan Gabriëlse (1903)
-
Charles van Wijk (1910)
-
Komposysjefoto om 1910
-
Lammert van der Tonge (1918)
-
Willy Sluiter (1921)
Literatuer
bewurkje seksje- Barret, Brian Dudley (tekst) en Groeneveld, André (gearstalling) (2009) Volendam Kunstenaarsdorp - Het erfgoed van Hotel Spaander Swolle: útjouwerij d'jonge Hond / Inkhuzen: Suderseemuseum. ISBN 9789077204573. s. 134-139
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hille Butter fan Wikimedia Commons. |