Jan Willem (Willy) Sluiter (Amersfoort, 24 maaie 1873 - De Haach, 22 maaie 1949) wie in Nederlânske keunstskilder, tekener en grafysk ûntwerper.

Willy Sluiter
keunstner
Selsportret, 1898
Selsportret, 1898
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1873
berteplak Amersfoort
stoarn 1949
stjerplak De Haach
wurkpaad
wurksum as keunstskilder, tekener
offisjele webside
RKD-profyl
Skilders oan't wurk yn Katwyk. Lofts Derk Wiggers, midden Willy Sluiter, rjochts Hendrik Jansen

Sluiter wie in telch út de predikantefamylje Sluiter en waard grutbroch op It Hearrenfean (oant 1883) en Zwijndrecht (fan 1883 ôf). Hy wie in soan fan notaris mr. Jan Willem Sluiter (1839-1902) en Johanna Hillegonda Cornelia Suermondt (1846-1931). Hy troude yn 1901 mei Agatha Anna Louise van Nievervaart (1874-1957); út dat houlik waard dochter Johanna Adriana (1902-1991) berne.

Sluiter ûntjoech him ta in mearsidich keunstner. Hy wenne en arbeide op ferskate plakken: yn Dordrecht en Rotterdam, mar ek yn 'skildersdoarpen' as Skeveningen, Katwijk en Laren. Sluiter wie lid fan in protte keunstgenoatskippen, ûnder oare fan Pictura yn Doardt, Arti et Amicitiae yn Amsterdam en Pulchri Studio yn De Haach.

Sluiter wie fan 1891 oant 1894 learling oan de Rotterdamsche Academie voor Beeldende Kunsten en dêrnei folge er lessen oan de Haagsche Academie voor Beeldende Kunsten. Hy ûntjoech him ta in bekende skilder, tekener fan politike printen, makke in soad affysjes, fierde reklameopdrachten út en wie teffens boekbânûntwerper. Hiel bekend binne de 38 omslaggen foar blêdmuzyk dy't er tusken 1920 en 1925 ûntwurp foar útjouwer Scheltens en Giltay; it wiene kabaretteksten fan de dichter Clinge Doorenbos.

Sluiter wenne en wurke yn Zwijndrecht, Doardt en Rotterdam oant 1894. Dêrnei fan 1894 oant 1897 yn Skeveningen en fan 1901-1910 yn Katwyk. Yn 1910 sette er him nei wenjen yn Laren en bleau dêr oant 1916 doe't er nei De Haach ferfear.

Sluiter skildere faak taferelen út it strân- en fiskerslibben, mar waard ek faak frege as portretskilder yn de 'hegere rûnten'. Hy skildere mear as ien kear it Folendamske model Hille Butter. Sluiter waard ek ferneamd fan in oantal politike printen en affysjes.

Yn it Dordrechts Museum yn Doardt wie yn 1999 in útstalling oer de affysjes fan Willy Sluiter by gelegenheid fan syn 50ste stjerdei. Yn it Katwijks Museum wie fan 1 oktober 2013 oant en mei 11 jannewaris 2014 in tentoanstelling fan syn wurk te sjen.

  • Ferskate auteurs, Willy Sluiter Gentleman-kunstenaar 1873-1949, Dordrechts Museum -Snoeck Ducaju Gent, 1999. ISBN 90 71722 09 0

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: