Pulchri Studio
It skilderkeunstich genoatskip Pulchri Studio (Latyn, Ut iver foar skientme) waard yn 1847 thús by skilder Lambertus Hardenberg yn Den Haach oprjochte. Johan Hendrik Weissenbruch, syn neef Jan Weissenbruch, Willem Roelofs, Jan Frederik van Deventer, Willem Antonie van Deventer, Jacob Jan van der Maaten en F.H. Michael wiene de oprjochters. Bart van Hove waard de earste foarsitter, Michaël waard sekretaris en Johannes Bosboom ponghâlder. Letter kamen Jozef Israels en Hendrik Willem Mesdag dêrby.
Tanimmend ûnfrede oer te min mooglikheden foar foarming en ûntjouwing ûnder de jonge keunstners yn De Haach, joech de oanlieding. Men woe keunstners gelegenheid jaan neffens model te wurkjen en opfettingen út te wikseljen yn mei opset sin hâlden keunstbeskôgings.
It oanboaskjend ledetal twong de organisatoren út te wiken nei de grutte seal fan it Boterhuis en yn 1861 waard yn it Hôfke fan Nieuwkoop fergadere. Yn 1886 kaam Pulchri Studio yn in pân oan de Prinsengracht te sitten, want dêr fûn men foar it earst in útstallingsromte. Earst yn 1901 kaam de feriening yn it bekende pân oan it Lange Voorhout telâne.
It falt op dat Pulchri Studio ûntstie út Haachske ûnfrede op it stuit dat de Frânske Barbizon-skilders ôfweven mei it symbolistyske Klassisisme. Dizze Frânske skilders waarden útskeld foar Smoarge demokraten, 15 jier foardat Courbet en Manet as Refusés ôfwiisd waaarden troch de Salons Officiels en 25 jier foar de Paryske ympresjonisten harren opskuor jaand libben oan de grutte klok hongen. Yn De Haach giet it sa mâl net.
Leden
bewurkje seksjeUnder oaren: