Fokko Alting Mees (Batavia, 27 july 1887Aix-les-Bains (Frankryk), 27 desimber 1968) wie in Nederlânsk grafikus, tekener, houtfiker, etser, yllustrator en boekbânûntwerper.

Fokko Mees syn ûntwerp fan de segels fan 1½, 2, 5 en 15 sint

Mees waard berne yn Nederlânsk-Ynje as soan fan Regnerus Tjaarda Mees en Constance Theodora Gerhardine van Zijll de Jong. Hy waard ferneamd nei syn pake, minister Fokko Alting Mees. Hy learde it fak by Ferdinand Hart Nibbrig en Toon de Jong en op de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach.
Mees wenne en wurke yn Laren, Amsterdam, De Haach, Parys en Nice (sûnt 1939). Hy wie lid fan de Haachske Pulchri Studio.

Fokko Mees wie in spesjalist yn frije grafyk, ûnder oaren mei boekyllustraasje, gelegenheidsgrafyk en fral ex libris.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: