Taco Mesdag
Taco Mesdag (Grins, 21 septimber 1829 – De Haach, 4 augustus 1902) wie in Nederlânsk bankier en keunstskilder.[1]
Libben en wurk
bewurkje seksjeMesdag, soan fan de Grinzer bankier Klaas Mesdag en Johanna Willemina van Giffen, wurke lykas ek syn jongere broer Hendrik Willem Mesdag op de bank fan syn famylje. Krekt as Hendrik keas Taco lang om let foar it skildersfak. Hy krige les fan ûnder oaren Paul Gabriël. Mesdag is fral bekend wurden as skilder fan it Drintske lânskip.
De bruorren Mesdag spilen in wichtige rol yn it Haachske skildersgenoatskip Pulchri Studio, dêr't Hendrik jierrenlang foarsitter en Taco ponghâlder fan west hat.
Mesdag boaske oan skilderesse schilderes Geesje van Calcar fan Hoogezand. In soad fan syn wurk waard troch syn widdo oan it Grinzer Museum skonken. Op ynternet is in apart Museum Mesdagvancalcar ynrjochte mei wurk fan Mesdag en Van Calcar en oare keunstners fan de Haachske Skoalle.
Galery
bewurkje seksje-
Mûntsje by Leende
-
Nôtfjilden yn Drinte
Literatuer
bewurkje seksje- Jos de Gruyter: De Haagse School. Katalogus Gemeentemuseum De Haach, Lemniscaat, Rotterdam, 1968-1969.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|