Paul Joseph Constantin Gabriël
Paul Joseph Constantin (Constan(t)) Gabriël (Amsterdam, 5 july 1828 – De Haach, 23 augustus 1903) wie in skilder, tekener, akwarellist en etser, dy ta de Haachske Skoalle behearde.
Biografy
bewurkje seksjeGabriël, soan fan byldhouwer en skilder Paulus Joseph Gabriël, waard fan 1840–1843 oplaat oan de Ryksakademy fan byldzjende keunsten yn Amsterdam. Hy wie learling fan Barend Cornelis Koekkoek, Cornelis Lieste, Anton Mauve, Willem Roelofs en L.P. Zocher. Gabriël gie yn 1853 oan 'e gong yn Haarlim. Dêrnei wurke er yn it Nederlânske Barbizon, Oosterbeek (Renkum) (1854–1856). Dêr lei er him ta op lânskipsskilderjen. Hy arbeide dêr op mei Anton Mauve en Gerard Bilders. Fierder hat er wurke yn Amsterdam (1856–1859), Brussel (1860–1883) en Skeveningen (De Haach) (1884–1903). Hy wie lid fan de Hollandsche Teekenmaatschappij yn De Haach. Gabriël skildere lânskippen, portretten, stillibbens, bisten en stedsgesichten. Hy makke sjenrekeunst. Gabriël ûndertekene mei 'Gabriël', 'Gabriel' of 'P.J.C. Gabriël'. Hy wie bekend ûnder de namme Paul Gabriël, mar waard feitlik Constan(t) Gabriël neamd.[1] Yn 1875 waard er beneamd ta Ridder in de Belgyske Leopoldsoarder. Gabriël waard bekend om syn ljochte palet en fleurich kleurgebrûk. Faak brûkte er grille kleuren.
Learlingen
bewurkje seksjeIn kar: Bernard van Beek, Julius Brouwers, Abraham Lopes Suasso, Geesje Mesdag-van Calcar, Taco Mesdag, Herman van Oosterzee, Jacob Ritsema, Willem van Schaik, Margo Tholen en Willem Bastiaan Tholen.
Galery
bewurkje seksje-
Buorkerij yn 't iepen fjild
-
Yn de moanne july. In mûne oan in polderfeart, 1888
-
Sinneskyn dei (oaljeferve op doek)
-
In wetering by Abcoude, 1878
Literatuer
bewurkje seksje- Neislachwurk: Scheen 1969-1970, Scheen 1981, s. 158-159, ôfb.nrs. 467 o/m 484 (as: Gabriël, Paul Joseph Constantin), Witt Checklist 1978
- Liefde- Brakel, Tiny de Schilderen en wonen op Scheveningen in de Belle Époque (2008) útj. Muzee, Skeveningen, ISBN 978-90-812104-3-0
- Peters, M.H.A.M. (et al.) Paul Joseph Constantin Gabriël, 1828-1903: colorist van de Haagse School (1998) útj. Waanders, Swol, ISBN 90-400-9225-7
- Catalogus der tentoonstelling van schilderijen en teekeningen van P. J. C. Gabriel, Dec. 1911 útj. Larense Kunsthandel, Amsterdam (mei ynlieding fan H. de Boer)
- John Sillevis en Anne Tabak Het Haagse School boek (2001) útj. Waanders, Swol, ISBN 90 400 9540 X
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paul Joseph Constantin Gabriël fan Wikimedia Commons. |