De Himalayaboskmûs (wittenskiplike namme: Apodemus gurkha) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan de boskmûzen (Apodemus), dat allinnich mar foarkomt yn it Himalayaberchtme fan sintraal Nepal. Syn natuerlike habitat wurdt dêr foarme troch de nullewâlden tusken in hichte fan 2.200 en 3.600 m. De Himalayaboskmûs is in bedrige bistesoarte.

Himalayaboskmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus gurkha
Thomas, 1924
IUCN-status: bedrige

De Himalayaboskmûs wurdt almeast mei de Eastaziatyske soarten fan it boskmûzeskaai ûnderbrocht yn 'e Alsomys-groep (fan 'e Aziatyske boskmûzen). Dêr wykt er op genetysk mêd lykwols tige sterk fanôf, en sadwaande wurdt er ek wol as in selsstannige haadgroep binnen it skaai beskôge.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.