Himelfeartkatedraal (Tver)

De Himelfeartkatedraal (Russysk: Вознесенский собор; Voznesenski Sobor) is in tsjerke fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Tver, Ruslân. It is de biskopssit fan it bisdom Tver.

Himelfeartkatedraal

Вознесенский собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Tver
plak Tver
adres Sovjetskaja Ul, 26
koördinaten 56° 51' N 35° 54' E
Arsjitektuer
arsjitekt Ivan Fedorovitsj Lvov
boujier 1826-1836
boustyl Klassisisme
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 691410190130006
Webside
vosnesenie.ru
Kaart
Himelfeartkatedraal (Jeropeesk Ruslân)
Himelfeartkatedraal

Oant 1612 stiene op it plak fan 'e hjoeddeiske katedraal twa tsjerken: in houten Himelfeartsjerke en in houten Epifanytsjerke. De twa tsjerken baarnden by de Poalsk-Litouske ynfal ôf. De Himelfearttsjerke waard yn 1624 wer opboud en letter waard in Epifanykapel tafoege, mar ek dy tjerke waard troch brân ferneatige. Op itselde plak waard in stiennen tsjerke (1751) boud mei deselde namme en in selde kapel (1760). Op 19 maaie 1763 waard ek dy tsjerke slim skeind troch in nije brân, mar der folge wer in weropbou.

Yn 1818 soe der in gruttere tsjerke boud wurde neffens in plan fan N. Legrand. Dat plan waard lykwols net útfierd fanwegen brek oan jild. De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1826 en 1836 neffens tekenings fan Ivan F. Lvov yn Russysk-klassistyske styl boud. By de bou waarden dielen fan it 18e-iuwske muorrewurk fan 'e âlde tsjerke wer brûkt.

De katedraal waard yn 1935 op lêst fan 'e ateïstyske autoritieten sletten en oerdroegen oan it regionale Skiednismuseum. Under de Dútske besetting waard de tsjerke yn 1941 foar in koart skoftke werom jûn oan 'e otterdokse mienskip, mar nei't it Reade Leger de stêd werom ferovere en de kommunistisyke oerheid hersteld wie, waard de tsjerke op 'e nij sletten.

De eardere katedraal waard yn 1972 in tentoanstellingsromte, wêrfoar't it ynterieur oanpast waard.

Nei de fal fan de Sovjet-Uny waard it gebou yn 1993 oan it bisdom werom jûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Вознесенский собор (Тверь)