Hoaitesleat
De Hoaitesleat is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart leit noard fan Langwar en is it westlike diel fan de ferbining tusken it Prinses Margrietkanaal en de Langwarder Feart. It eastlike diel nei de Langwarder Feart hjit Slingerrak.
De namme Hoaitesleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Hoitesloot.