Hobbe Durks fan Baerdt

Frysk amtner
(Trochferwiisd fan Hobbe Dircks fan Baerdt)

Hobbe Durks fan Baerdt (19 maaie 1591 - 11 maaie 1655) wie grytman fan Haskerlân (1615-1650).

Van Baerdt waard studint yn Frjentsjer op 21 augustus 1610 en waard doe grytman. Hy wie folmacht op de Lândei en kommittearre fan de admiraliteit fan Dokkum yn 1620. Ek wie er deputearre foar de Steat 1638, 1653; Deputearre fan de Steaten Generaal 1650, kurator fan de Akademy fan Frjentsjer tusken 1652-1655. Soan fan Durk Hobbes fan Baerdt en Marij Clant.

Hy troude op 17 maart 1617 yn Ljouwert mei Apollonia fan Vierssen, dochter fan Willem fan Viersen en Titia Godefridi († 22 juny 1630. Nei har ferstjerren trout Hobbe op 15 maaie 1642 op De Jouwer mei Tintie fan Bootsma, dochter fan Hessel fan Bootsma en Tintie fan Idzaerda († De Jouwer, oktober 1652).

Ut it earste houlik komme sân bern, dêr't fjouwer fan jong stjerre. It laach waard fuortset troch de âldste soan Durk Hobbes fan Baerdt en Egbert Hobbes fan Baerdt, en troch Anna Maria fan Baerdt (Ljouwert, 11 febrewaris 1630 - dêre, 17 jannewaris 1651, troud yn Deinum op 22 maaie 1653 mei Jetze fan Sminia, it houlik dêr't Hobbe Baerdt fan Sminia (22 augustus 1655 - 21 oktober 1721) út komt.

De aadlike Baerdts stoaren út yn 1673 mei Durk Hobbes, mar de namme Baerdt bestiet sûnttiids by de neisieten fan dy syn suster Anna Maria, har soan Hobbe Baerdt fan Sminia en syn lykneamde neisieten, yn de doopnamme Hobbe Baerdt en sûnt 1877 yn de famyljenamme Van Baerdt van Sminia. It laach Baerdt hat troch syn grutte en breedte in frij grutte rol spile yn hast alle rangen en stannen fan de Fryske maatskippij, wylst it ek no noch net útstoarn is. It laach levere: grûnbesitters fan kwizekwânsje, magistraatspersoanen, gelearden, grytmannen en ferneamde gildebruorren neist ienfâldige hânwurklju en lânarbeiders.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A.L. Heerma van Voss en D.D. Osinga, Genealogie van het geslacht Baerdt in Maandblad van het Genealogisch Heraldisch Genootschap ‘De Nederl. Leeuw’ (1930), 8
  • NNBW