Hohenstein (Hessen)
Hohenstein is in gemeente yn 'e Rheingau-Taunus-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Hessen.
Hohenstein (Hessen) | ||
Kastiel Hohenstein. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
lânkring | Rheingau-Taunus-Kreis | |
Gemeente-yndieling | 7 Ortsteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.212 (31.12.2023)[1] | |
Oerflak | 63,86 km² | |
Befolkingsticht. | 97 ynw./km² | |
Hichte | 318 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 65329 | |
Koördinaten | 50° 8' N 8° 4' E | |
Offisjele webside | ||
hohenstein-hessen.de | ||
Kaart | ||
Geografy
bewurkje seksjeHohensein leit yn it westlike diel fan 'e Taunus oan beide kanten fan 'e Aar tusken Limburg an der Lahn en Wiesbaden.
Skiednis
bewurkje seksjeFan Strinz-Margarethä is bekend dat it yn 1184 foar it earst neamd waard. De oare plakken yn 'e gemeente folgen yn 'e 13e en 14e iuw..
Yn it ramt fan 'e weryndielingen yn Hessen waard Hohenstein op 1 july 1972 út de earder selstannige gemeenten Born, Breithardt, Hennethal, Hohenstein, Holzhausen über Aar, Steckenroth en Strinz-Margarethä oprjochte. It plak Hohenstein krige doe de nije namme Burg-Hohenstein.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- It kastiel Hohenstein waard om 1190 troch de greve fan Katzenelnbogen en greve fan Laurenburg en Nassau boud. Tsjintwurdich docht it kastiel tsjinst as hotel-restaurant.
- De protestantske tsjerke fan Breithardt is in wartsjerke mei fresko's út de 15e iuw.
- Yn 'e protestantske tsjerke fan Strinz-Margarethä stiet in histoarysk oargel fan Johann Jacob Dahm (1710).
- Yn it bosk by Hennethal leit in letmidsiuwske lanwar, dy't nei alle gedachten tsjin de ein fan 'e 14e iuw oanlein waard om de Limburger Straße feilich te stellen.
- Troch de gemeente rint in part fan 'e Limes. Resten fan 'e Limes binne te finen yn 'e omkriten fan Breithardt, Born en Steckenroth. De plakken binne oer in goed bewizere kuierpaad te besjen. Mear ynformaasje is te finen yn it Regionalmuseum Rheingau-Taunus (Georgenthal 1, Hohenstein-Steckenroth)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: (Untertaunus) Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|