Hopy-wangpûdiikhoarntsje

It Hopy-wangpûdiikhoarntsje (Latynske namme: Neotamias rufus, foarhinne: Tamias rufus), ek wol de Hopy-chipmunk neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini), it boppeskaai fan 'e wangpûdiikhoarntsjes (Tamias) en it skaai fan 'e Amerikaanske wangpûdiikhoarntsjes (Neotamias). Dit bist libbet yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten. It Hopy-wangpûdiikhoarntsje waard foarhinne beskôge as in ûndersoarte fan it Koloradowangpûdiikhoarntsje (Neotamias quadrivittatus), mar nij ûndersyk hat útwiisd dat it om in aparte soarte giet.

Hopy-wangpûdiikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai Amerikaanske wangpûd-
   iikhoarntsjes
(Neotamias)
soarte
Neotamias rufus
Hoffmeister & Ellis, 1979
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding en biotoop

bewurkje seksje

It Hopy-wangpûdiikhoarntsje komt foar yn it westlike part fan 'e Amerikaanske steat Kolorado, besuden de rivier de Yampa en yn 'e dellingen fan 'e rivieren de Kolorado en de Gunnison. Ek libbet dit bist yn lytsere dielen fan 'e oanbuorjende steaten Utah en Arizona. Kwa biotoop jouwe Hopy-wangpûdiikhoarntsjes de foarkar oan rotsige gebieten mei pinjondinen en jeneverbeibeammen.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

It Hopy-wangpûdiikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 10½-12½ sm, mei in sturtlingte fan 8½-9½ sm en in gewicht fan 52-62 g. Hy is wat lytser fan stal as de measte Amerikaanske wangpûdiikhoarntsjes, al binne de wyfkes justjes grutter as de mantsjes. Fierders ûnderskiedt it Hopy-wangpûdiikhoarntsje him troch it ûntbrekken fan swart hier yn 'e rêchstreken. De pels is op 'e rêch brún oant oranjebrún mei twa ljochtere streken yn 'e lingterjochting oan wjerskanten fan 'e wringe. Op 'e bealch en de kop is er ljochter fan kleur, mei twa witige streken dy't boppe en ûnder de eagen lâns rinne fan 'e snút nei de earen ta. It Hopy-wangpûdiikhoarntsje beskikt lykas alle wangpûdiikhoarntsjes oer grutte wangpûden, dy't brûkt wurde om fluch-fluch iten yn op te slaan dat letter op in feiliger plak yn alle rêst bepluze wurde kin.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Hopy-wangpûdiikhoarntsjes binne fan natuere skouwe bistkes, en sels as se yn finzenskip holden wurde, kinne se nea echt nuet makke wurde. Yn it wyld lizze se nêsten oan yn rotsspjalten of ûnder púnheapen. Se binne fluch en wis op 'e poaten op 'e steile rotskanten fan ravinen en frijsteande rotsen. Ek klimme se faak yn strewellen om by gaadlik iten te kommen, mar dat frette se dêr nea op; se loegje it yn har wangpûden en naaie der mei út nei har nêst of nei in útsjochpunt boppe-op in rots, dêr't se ûnder it iten har om-en-by skerp yn 'e rekken hâlde kinne. Hopy-wangpûdiikhoarntsjes frette meast nuten, sieden en fruchten. Hjerstmis lizze se itensfoarrieden oan foar de winter.

It Hopy-wangpûdiikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.