Horne Kirke (gemeente Faaborg-Midtfyn)
De Tsjerke fan Horne (Deensk: Horne Kirke) yn Horne by Faaborg is in tsjerkegebou op it eilân Fún. De tsjerke falt ûnder it bisdom Fún fan de lutherke Folkstsjerke fan Denemark en is de iennige rûne tsjerke op it eilân. Horne leit yn de Deenske gemeente Faaborg-Midtfyn.
Tsjerke fan Horne
Horne Kirke | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
regio | Súd-Denemark | |
gemeente | Faaborg-Midtfyn | |
plak | Horne | |
adres | Søren Lundsvej 42, Horne, 5600 Faaborg | |
koördinaten | 55° 6'N 10° 10'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Deenske Folkstsjerke | |
bisdom | Funen | |
Arsjitektuer | ||
boujier | Sûnt 1100 | |
boustyl | Romaanske en goatyske arsjitektuer | |
Webside | ||
Side Horne Kirke | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeEartiids bestie de tsjerke allinne út de rûne toer fan granytstien, dy't njonken de funksje fan tsjerke ek yn gefal fan kriich de befolking helpe moast by de ferdigening. Yn de fjirtjinde iuw waard de tsjerke mei in oanbou yn eastlike en westlike rjochting yn goatyske styl fergrutte.
De tsjerkeklokken yn de 32,4 hege toer datearje út de jierren 1568 en 1613. De tsjerke stiet net fier fan it slot Hvedholm en tsjinne as patronaatsjerke fan it bûten.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe preekstoel yn empirestyl stamt út 1812 en hinget oan ien fan de fjouwer achthoekige pylders fan de rûne tsjerke. Foar de preekstoel oer is tusken de pylders in lôzje foar de bewenners fan it slot Hvedholm. De Deenske skilder Christoffer Wilhelm Eckersberg makke it alterskilderij en stelt Jezus en de lytse bern foar.
It romaanske doopfont bleau bewarre en stiet tsjintwurdich by de yngong fan de tsjerke. Fan it hjoeddeiske doopfont wurdt sein dat it makke is troch Bertel Thorvaldsen.
Oare weardefolle saken yn de tsjerke binne in siboarium út 1639 en in tsjelke út 1676. De brûnzen kandelaars stamme út 1640.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel boppe it alter is in ynstrumint fan Marcussen & Søn út 1940 mei 22 stimmen.
Mausoleum
bewurkje seksjeYn de noardwestlike hoeke fan it tsjerkhôf stiet it yn 1825 boude mausoleum. It is in ûntwerp fan de ferneamde arsjitekt Gustav Friedrich Hetsch. Greven fan de lêste fjouwer generaasjes fan it slot Hvedholm fûnen yn it mausoleum harren lêste rêstplak. Oare leden fan it skaai waarden begroeven ûnder it koer fan de tsjerke.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tsjerke fan Horne fan Wikimedia Commons. |