Faaborg
Faaborg of Fåborg (Frysk: Fâboarch) is in lytse havenstêd yn it suden fan it Deenske eilân Fún.
Faaborg | ||
Utsicht oer Faaborg | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Denemark | |
Regio | Súd-Denemark | |
Gemeente | Faaborg-Midtfyn | |
Sifers | ||
Ynwennertal | plak: 6.898 (2023) gemeente: 52.253 (2023) | |
Oerflak | gemeente: 637,00 km² | |
Oar | ||
Stifting | Foar it earst neamd yn 1229 | |
Postkoade | 5600 Faaborg | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Koördinaten | 55° 6' N 10° 14' E | |
Offisjele webside | ||
www.fmk.dk | ||
Kaart | ||
Namme
bewurkje seksjeDe oarsprong fan de namme Faaborg moat nei alle gedachten socht wurde yn Faubourg, de Frânske oantsjutting foar in wyk bûten de stedsmuorren, tsjintwurdich better bekend as foarstêd.[1].
De Deenske Taalkommisje (Dansk Sprognævn) jout de foarkar oan de stavering fan de stêd mei in å, mar aa wurdt ek tastien.
Skiednis
bewurkje seksjeAlhoewol't it net bekend is wannear't de delsetting stifte waard, like Faaborg al yn de 13e iuw as merkstêd privileezjes te besitten. De stêd waard oan trije kanten troch wetter omklamme en waard fierder beskerme troch sompich gebiet en in muorre. Om 1477 hinne waard in kleaster stifte, dat stadichoan mear besit krige yn de stêd en de omjouwing. Nei de reformaasje waard it kleaster noch brûkt as hospitaal en lang om let waard it kompleks ôfbrutsen. De kleastertsjerke bleau lykswols bestean en krige de funksje fan parochytsjerke.
Yn de 16e en 17e iuw hie de stêd te lijen fan de yllegale hannel troch oare delsettings oan de kust en yn it midden fan de 17e iuw kearde de kriich mei Sweden de ûntjouwing op, mar yn de 18e iuw tierde de stêd as in wichtige havenstêd. Nôt waard eksportearre nei Noarwegen en ek de hannel mei Sleeswyk en Holstein naam ta. Tsjin it ein fan de 19e iuw fearen de skepen fan Faaborg wol oant de Middellânske See ta. Yn dy iuw naam Ingelân it plak fan Noarwegen yn as meast wichtige hannelspartner fan de stêd en de hannel waard yn de twadde helte fan de 19e iuw fierder útwreide nei lannen as Austraalje en Sina. It tal ynwenners naam ta, benammen ek nei't Denemark de hartochdommen Sleeswyk en Holstein oan Dútslân ferlear. Under de nije ynwenners wiene ek in soad joaden, dy't yn Faaburg de grutste joadske mienskip fan Fún foarmen en dêr in eigen synagoge hiene.
Yn de 20e iuw gyng it rêstiger mei Faaborg en krige de stêd mear konkurrinsje fan Odense en Svendborg.
Oant 2007 wie Faaborg it haadplak fan de gemeente Faaborg. Mei in gemeentlike weryndieling waard de gemeente doe by de nije gemeente Faaborg-Midtfyn foege, wêrfan't Ringen it haadplak is.
Monuminten
bewurkje seksjeDe haven en de strjitten mei âlde hûzen meitsje fan Faaborg in oantreklike stêd foar toeristen. Ien fan de moaiste gebouwen is Plougs Gård oan de Vestergade. It neoklassisistyske gebou datearret fan 1790 en waard yn opdracht fan Jesper Ploug boud, dy't kaptalen fertsjinne hie mei de Amerikaanske Unôfhinklikenskriich (1776—1783).
De Helligåndskirken (Hillige Geasttsjerke) is in âlde kleastertsjerke út 1477. Eartiids foarme it relatyf grutte gebou fan 46 meter lang en 19 meter breed de eastlike fleugel fan it net mear besteande kleaster. It eastlike koer mei de trijesidige ôfsluting waard yn 1490 foltôge, it skip en de súdlike beuk folgen om 1510 hinne en de noardlike beuk koart dêrnei. De tsjerke hat net in eigen toer, mar de toer fan de ôfbrutsen Nikolaastsjerke út 1450 tsjinnet as klokketoer.
It Museum fan Faaborg besit ien fan de grutste keunstkolleksjes fan it lân mei wurk fan lokale skilders lykas Jens Birkholm, Peter Hansen, Johannes Larsen, en Anna en Fritz Syberg. It lit ek guon of de bêste wurken fan de byldhouwer Kai Nielsen sjen. Den gamle Gård oan de Holkegade 1 is in kultuerhistoarysk museum en lit in stikje Faaborg sjen sa't it 200 oant 300 jier lyn wie.
Likernôch 13.000 plezierboaten dogge de haven fan Faaborg oan. De haven wurdt fierders brûkt troch fiskersboaten en de kommersjele skipfeart.
Net fier fan de stêd lizze it Slot Egeskov, it Slot Hvedholm en de Tsjerke fan Horne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Faaborg
|