Houghton Mifflin Harcourt

(Trochferwiisd fan Houghton Mifflin)

Houghton Mifflin Harcourt (útspr.: ['hoʊtən 'mɪflɨn 'ha:ɹkəɹt], likernôch: "hoo-t'n mif-lin haar-kurt"), ôfkoarte ta HMH, is in Amerikaanske útjouwerij fan skoalboeken, neislachwurken, fiksje en non-fiksje. It bedriuw waard, fia ferskate rjochtsfoargongers, oprjochte yn 1832. It is fêstige yn Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts. Houghton Mifflin Harcourt, dat mear as fjouwertûzen man oan it wurk hat, hie yn 2017 in omset fan mear $1,4 miljard.

Houghton Mifflin Harcourt
algemien
hist. namme Houghton, Mifflin & Company
Houghton Mifflin Company
Houghton Mifflin Riverdeep
   Group
nasjonaliteit Amerikaansk
type publyk
sektor útjouwerij, softwareprodusint
haadkertier Boston (Massachusetts)
oprjochte 1832
oprjochter William Ticknor
dochters sjoch: ymprints
sifers
omset $1.410.000.000 (2017)
aktyf yn benammen de Feriene Steaten
wurknimmers > 4.000
offisjele webside
www.hmhco.com

Houghton Mifflin Harcourt giet tebek oant 1832, doe't William Ticknor en John Allen in boekhannel yn Boston kochten en sels ek boeken begûnen te publisearjen. Yn 1843 ferfong James Thomas Fields Allen as partner. Hy en Ticknor wiene ferantwurdlik foar de opbou fan in ymposante fûnskatalogus fan auteurs dy't harren wurk útjaan lieten by it bedriuw, dat doedestiden noch Ticknor and Fields hiet. Under dy auteurs wiene grutte nammen as Ralph Waldo Emerson, Nathaniel Hawthorne en Henry David Thoreau. Ticknor and Fields foarme in nauwe bân mei de drukkerij Riverside Press, dy't eigendom wie fan Henry Oscar Houghton. Dyselde rjochte yn 1864 syn eigen útjouwerij op mei as partner Melancthon Hurd, dêr't George Mifflin him yn 1872 by oansleat.

Yn 1878, doe't Ticknor and Fields ûnderwilens eigendom wurden wie fan James R. Osgood, rekke de útjouwerij finansjeel yn swierwaar. In fúzje mei Hurd & Houghton bea útkomst. It nije bedriuw, dat Houghton, Osgood and Co. hiet, behold de rjochten op 'e fûnskatalogus fan beide rjochtsfoargongers. Doe't Osgood him yn 1880 útkeapje liet, waard de útjouwerij omneamd ta Houghton, Mifflin & Company. It bedriuw suchte noch altyd ûnder in fikse skuldelêst dy't oernommen wie fan Ticknor and Fields, en dêrom waard besletten ta kapitalisearring troch it opnimmen fan mear partners. Yn 1884 waard James D. Hurd, de soan fan Melancthon Hurd, in partner, en yn 1888 waarden ek James Murray Kay, Thurlow Weed Barnes en Henry Oscar Houghton jr. as sadanich yn it bedriuw opnommen.

Koarte tiid letter rjochte de útjouwerij in eigen ûnderwiisôfdieling op, en tusken 1891 en 1908 naam de ferkeap fan skoalboeken mei 500% ta. Yn 1908 waard it bedriuw, dat oant dy tiid in firma west hie, omfoarme ta in besletten fennoatskip. Tagelyk dêrmei waard de namme feroare ta Houghton Mifflin Company. Koart nei 1916 rekke de útjouwerij belutsen by de publikaasje fan standerdisearre eksamens en oar testmateriaal. Tsjin 1921 wie it de op trije nei grutste útjouwer fan ûnderwiismateriaal fan 'e Feriene Steaten.

Yn 1967 gie Houghton Mifflin nei de effektebeurs yn New York, dêr't de oandielen yn it bedriuw ferhannele waarden ûnder de ôfkoarting HTN. Yn 1979 kocht Houghton Mifflin Clarion Books oan, de ymprint foar berneboeken fan Seabury Press. Yn 1994 kocht Houghton Mifflin foar $138 miljoen McDougal Littell oan, in útjouwerij fan skoalboeken foar it fuortset ûnderwiis. It jiers dêrop folge de oankeap fan D.C. Heath and Company, in útjouwerij fan oanfoljende edukative publikaasjes. Ek yn 1995 kocht Houghton Mifflin Chapters Publishing, in útjouwerij mei in spesjalisaasje op it mêd fan itensieden, túnkjen en oare hobbys.

Yn 1996 rjochte Houghton Mifflin de difyzje Great Source Education Group op om de eigen ûnderwiisôfdieling en de nije oankeapen McDougal Littell en Heath by ûnder te bringen. Houghton Mifflin kundige yn 1998 fierders oan dat it bedriuw tenei ek software útbringe soe dy't bedoeld wie om it lesprogramma yn it Amerikaanske ûnderwiis te ûnderstypjen. Dat waard dien ûnder de merknamme LOGAL Software.

Yn 2001 waard Houghton Mifflin foar de priis fan $2,2 miljard (ynkl. skulden) oernommen troch de Frânske mediagigant Vivendi Universal. Dat bedriuw wie al eigner fan 'e Britske útjouwer fan berneboeken Kingfisher Books, dat neitiid in ymprint waard fan Houghton Mifflin. Yn 2002, doe't Vivendi Universal almar mear lêst krige fan finansjele en juridyske swierrichheden, besleat it Houghton Mifflin wer fan 'e hân te dwaan. De útjouwerij waard doe (mei ferlies) foar krapoan $1,7 miljard ferkocht oan 'e ynvestearringfûnsen Thomas H. Lee Partners, Bain Capital en de Blackstone Group. De nije eigners ferkochten Houghton Mifflin yn desimber 2006 troch oan it Ierske Riverdeep PLC, dat dêrfoar krapoan $1,8 miljard betelle. De beide bedriuwen fusearren neitiid ta de Houghton Mifflin Riverdeep Group.

Op 16 july 2007 makke Houghton Mifflin Riverdeep bekend dat der in oerienkomst tekene wie foar de oername fan 'e difyzjes Harcourt Education, Harcourt Trade en Greenwood-Heinemann fan Reed-Elsevier. Mei dy oername wie $4 miljard muoid. It bedriuw dat út dy fúzje fuortkaam, hiet Houghton Mifflin Harcourt. McDougal Littell waard neitiid op ien bulte smiten mei Holt, Rinehart & Winston, in ûnderdiel fan Harcourt, en kaam Holt McDougal te foarmjen. Yn oktober 2007 ferkocht Houghton Mifflin Harcourt Kingfisher oan Macmillan Publishers. Yn desimber fan datselde jier gie de Houghton Mifflin College Division, de ôfdieling foar edukative útjeften foar it heger ûnderwiis, foar $750 miljoen oer yn 'e hannen fan Cengage Learning. Krektsa waard de ymprint Harcourt Religion yn 2009 fan 'e hân dien oan Our Sunday Visitor.

Oant 2010 wie Houghton Mifflin Harcourt in dochterûndernimming fan 'e Ierske Education Media and Publishing Group, foarhinne bekend as Riverdeep. Yn 2012 kocht Houghton Mifflin Harcourt de fûnskatalogus op it mêd fan itensiedersboeken en neislachwurken fan John Wiley & Sons op, mei dêrûnder de rjochten op it Webster New World Dictionary (it Amerikaanske ekwifalint fan 'e Dikke Van Dale). Yn novimber 2013 gie Houghton Mifflin Harcourt nei de beurs. Yn 2015 brocht de útjouwerij in nije, annotearre edysje fan Hitlers manifest Mein Kampf út, en hie dêrnei lijen om in goed doel te finen dat de royaltys fan dy útjefte akseptearje woe.

Fûnskatalogus

bewurkje seksje

Under de auteurs dy't by Houghton Mifflin Harcourt publisearje of publisearre hawwe, binne acht winners fan 'e Nobelpriis foar de Literatuer en 47 winners fan in Pulitzerpriis. It bedriuw is ek de Amerikaanske útjouwer fan it berneboek Le Petit Prince, fan 'e Frânske skriuwer, dichter en fleander Antoine de Saint-Exupéry (1900-1944), en fan 'e wurken fan 'e ferneamde Ingelske fantasyauteur J.R.R. Tolkien (1892-1973). Fierders hearre ta de fûnskatalogus fan Houghton Mifflin Harcourt bekende searjes as Carmen Sandiego, The Oregon Trail, The Whole30, The Best American, Better Homes and Gardens, How to Cook Everything, The Peterson Field Guides, CliffsNotes en de berneboekerige Curious George.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.