Hubertus van Hove
Hubertus (Huib) van Hove (De Haach, 13 maaie 1814 - Antwerpen, 14 novimber 1864) wie in Nederlânsk keunstskilder. Hy skildere yn in romantysk-realistyske styl.
Biografy
bewurkje seksjeHy wie in soan fan Bartholomeus van Hove (1790–1880) en learaar fan in tal keunstners dy't ta de Haachske Skoalle hearre soene.
Huib van Hove krige skilderûnderjocht fan syn heit, mar ek fan Hendrik van de Sande Bakhuyzen. Yn syn heite atelier wurke er mei Johannes Bosboom en tegearre wurken hja oan tafrelen dy't Bartholomeus van Hove ûntwurpen hie foar it Keninklik Teäter yn De Haach.
Hubertus sette út ein as lânskipskilder, mar syn bêste wurk wie yn in oare styl makke. Syn foarkar fan wurkjen mei kleuren en helder ljocht is it bêst te sjen yn syn 'trochkykjes', of húslike tafreeltsjes, yn de styl fan in Pieter de Hooch, dat wol sizze fan bûtenljocht trochskynde ynterieurs. Teylers Museum hat in moai foarbyld mei 'De breidster', in skilderij mei in libbene komposysje dat in oerhingjen nei sterkere en frissere kleuren sjen lit as dat wat wenst wie yn de tiid fan Van Hove.
Under Van Hove's learlingen wiene Jacob Maris, Christoffel Bisschop, Stroebel, Maurits Leon (1838–1865 en Hendricus Johannes Scheeres (1823–1864).
Galery
bewurkje seksje-
Het uitgaan van de kerk in Leiden (1846), yn'e mande mei heit Van Hove, figueren troch Huib van Hove
-
Het afscheid (1847)
-
Elegante figuren in het interieur van Huis Schuylenburch (om ende by 1850)
-
Moeder en tollend kind in een interieur (om ende by 1850)
-
Een Amsterdams weesmeisje dekt de tafel ("doorkijkje") (om ende by 1850)
-
Uitgifte van een aalmoes in het liefdadigheidshuis (om ende by 1850)
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Foarbylden fan syn wurk
- Mear priuwkes fan syn wurk
- Dutch Art in the Nineteenth Century/The Forerunners of the Hague School.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|