Hygelac

(Trochferwiisd fan Hugleik)

Hygelac of Hugleik is in personaazje út it Aldingelske epos Beowulf.

Yn Beowulf is Hygelac de kening fan de Geaten, dy't by in ynfal tsjin 'e Franken of Friezen deade waard. De Geaten wiene in Germaansk folk yn it suden fan Sweden, nei wa't Götaland (en letter ek de stêd Göteborg) neamd is.

Fierders wurdt wol tocht dat Chlochilaich, dy't as kening fan de Denen neamd waard yn de Frankyske kronyk fan Gregoarius fan Toers, en Hygelac deselde persoan wiene. Yn it boek fan Gregoarius stiet skreaun dat ûnder lieding fan Chlochilaich yn de 6e iuw in ynfal fan de Denen plakfûn hat yn it Frankyske Ryk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: