Hurdegarypster Opfeart
De Hurdegarypster Opfeart is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De feart rint oan de eardere eastkant fan Hurdegaryp nei de N355. Nei de oanlis fan nijbouplan Súd leit de feart binnen de beboude kom.
In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd. Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terp grûn of turf ferfiere te kinnen.
De namme Hurdegarypster Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Hardegarijpsteropvaart.