Hylke Folkert de Boer (Burgum, 7 july 1918 - Ljouwert, 19 april 1984) wie in natoerbeskermer, bestjoerslid en sûnt 1950 direkteur fan gemeentewurken yn Achtkarspelen.[1]

Hylke de Boer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hylke Folkert de Boer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 7 july 1918
berteplak Burgum
stoarn 19 april 1984
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt
aktyf as Bestjoerder
reden
  bekendheid
foarsitter fan It Fryske Gea

Fan 1946-1950 gemeente-arsjitekt fan Uithuizen en Uithuizermeeden Wie sûnt 1965 foarsitter fan It Fryske Gea en bestjoerslid fan de Feriening ta Behâld fan Natoermonuminten, fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Ek bestjoerslid fan it KFS, fierder noch bestjoerslid fan de Stichting Frysk Utjefte Fûns en lid fan de Fryske Rie dy't kontakten tusken de Fryslannen ûnderhâldt.

Yn juny 1974 waard him troch prins Bernard de Sulveren Anjer útrikt. Yn datselde jier waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.[2]

Neist artikels foar blêden as Vanellus en De Strikel ferskynden fan him ek Fûgelflecht (1963) en Fûgelfjild (1962).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: