Ibearyske griene spjocht

De Ibearyske griene spjocht (Picus sharpei) is in fûgel út it skaai Picus fan 'e famylje fan 'e spjochten (Picidae). De fûgel is endemysk op it Ibearysk skiereilân en waard eartiids as in ûndersoarte fan 'e Europeeske griene spjocht beskôge, mar ferskilt dêrfan troch folle minder swart en in griiseftige ring ynstee fan in swarte ring om it each.

Ibearyske griene spjocht

mantsje (rjochts) en (wyfke lofts)
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai griene spjochten (Picus)
soarte
Picus sharpei
Saunders, 1872
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Ibearyske griene spjocht waard yn 1872 troch Howard Saunders beskreaun en krige de binominale namme Gecinus sharpei. Hy keas foar dy namme om syn freon te earen, de Ingelske zoölooch Richard Bowdler Sharpe, dy't neffens him de earste wie dy't de fûgel fan 'e Europeeske griene spjocht (Picus viridis) en de Levaillantspjocht (Picus vaillantii) ûnderskiede.

Taksonomy bewurkje seksje

De Ibearyske spjocht waard ornaris as in ûndersoarte fan 'e Europeeske griene spjocht beskôge, mar út twa aparte ûndersiken út 2011 hat bliken dien dat der dúdlike ferskillen binne yn it mitogondriaal DNA en it nukleêr DNA tusken de twa populaasjes. Op basis dêrfan wurdt de Ibearyske griene spjocht hjoed-de-dei as in aparte soarte beskôge. De Ibearyske griene spjocht is monotypysk: der binne gjin ûndersoarten erkend.

Birdlife rûsd de populaasje op 488000-938000 fûgels. De soarte nimt yn tal ôf, mar wurdt net as in bedrige soarte kategorisearre.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis en:Iberian green woodpecker (ferzje 22 desimber 2023)