De griene spjocht (Picus viridis) is in fûgel út de famylje fan 'e spjochten (Picidae). De griene spjocht komt in soad foar yn it grutste part fan Europa oant yn it meast westlike stik fan Aazje. Lykas de namme al seit is it grutste part fan de fûgel grien fan kleur en fierder hat er in swart mei reade kop. De griene spjocht yt fral mychammels, dy't er op 'e grûn siket. Oars as oare spjochten roffelet de griene spjocht net in soad op 'e beammen.

griene spjocht

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai griene spjochten (Picus)
soarte
Picus viridis
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De griene spjocht is in relatyf grutte spjocht. In folwoeksen spjocht is tusken de 31 en 34 sm lang en hat meast in gewicht om de 170-180 gram hinne, mar it kin ferskille tusken de 140 en 250 gram. De spanwiidte is 40 oant 52 sm, mar meastentiids tusken de 45 en 51 sm. Wat it gewicht en de lingte oanbelanget is der hast gjin ferskil tusken it wyfke en it mantsje.

De fearren fan 'e nekke en de boppekant binne oliifgrien, op 'e stuit giel en op 'e ûnderkant ljochtgriisgrien. De kleur fan 'e fleugels ferrint fan oliifgrien en gielich op 'e boppeside fan 'e binnenste fleugelfearren nei swart mei grutte wite flekken op 'e bûtenste fearren. De reade kape op 'e kop rint fan 'e foarholle oant efter yn 'e nekke. It gesicht oant de earstreek is swart en de eagen binne blaueftich wyt. Lykas de measte Europeeske spjochten is de grien spjocht seksueel dimorf, al is it ferskil mar lyts. Wol hat it mantsje in swart omseame reade burdstreek ûnder it each, wylst it dêr by it wyfke hielendal swart is.

 
De tonge fan 'e griene spjocht.

De teannen fan 'e grize poaten binne lykas by in soad oare spjochten pearsgewiis foar inoar oer set: twa teannen steane nei foarren en twa steane nei efteren; dêrmei kriget de fûgel tegearre mei de stribbige sturtfearren fertikaal goed fet op 'e beamstamme. Syn snaffel is lykwols relatyf swak foar in spjocht en is allinne geskikt foar sêfter hout. De griene spjocht is mear as de measte oare spjochten oanpast om op 'e grûn te foerazjearen. Hy hat in ûngewoan lange tonge fan likernôch 10 sm., dy't er om syn plasse oprôlje kin. De hoarnige punt fan 'e tonge is plat, breed en hat lytse wearheakjes. De fergrutte spijklieren soargje foar in grutte kleverichheid.

Jonge fûgels

bewurkje seksje

It fearrekleed fan in jonge fûgel is doffer as dy fan in folwoeksen fûgel. De kop, hals en ûnderkant binne mei donkere, ûnregelmjittige flekken en streken bedutsen en de boppekant en fleugels hawwe wite flekken. De reade kape op 'e kop is noch skier en meastentiids mei grize flekken bedutsen. De donkere koptekening is noch dreech te ûnderskieden. De mantsjes, dy't yntusken fleane kinne, hawwe somtiden al in pear reade fearren yn 'e burdstreek.

It earste ferfearjen begjin al in pear wiken nei it útkommen fan 'e aaien en is nei likernôch fjouwer moanne oer. Yn 'e lette hjerst hawwe de jonge fûgels al it fearrekleed fan in folwoeksen fûgel.

Troch syn grutte en syn griene fearren is de griene spjocht maklik te ûnderskieden en kin er mei mar in pear fûgels betiizge wurde. It wyfke fan de gielegau (Oriolus oriolus) is ek grien, mar slanker en lytser en hat smellere fleugels en in langere sturt. It ferspriedingsgebiet fan 'e griene spjocht oerlapet dat fan in pear gelikense soarten fan it skaai Picus. Yn Sintraal-Europa libbet de wat lytsere griiskopspjocht (P. canus). Dy hat in griis gesicht, donkerreade eagen en in smelle burdstreek. By it mantsje is allinne de foarholle read en by it wyfke ûntbrekt de reade kape op 'e kop hielendal. Boppedat is syn leefgebiet mear yn 'e bergen en bosken as dat fan 'e griene spjocht. De Levaillantspjocht (P. vaillantii) en de Ibearyske griene spjocht (P. sharpei) lykje alletwa in soad op 'e griene spjocht, mar binne allinne op it Ibearysk Skiereilân resp. yn it noardwest fan Afrika te finen, gebieten dêr't de griene spjocht hast net foarkomt. De eagen fan dy soarten binne ljocht, lykas by de griene spjocht, mar de burdstreek is smel lykas by de griiskopspjocht.

De griene spjocht is in stânfûgel, dy't by it foerazjearen fakentiden deselde rûtes brûkt. Simmerdeis binne dy rûtes yn 'e regel koart, winterdeis siket er it fierder fan syn sliepplak en wurdt de fûgel ek wol yn tunen sjoen. De griene spjocht is deis warber en hy begjin fuort nei it lemieren mei it sykjen nei iten op 'e grûn. De fûgel is aktyf sa lang as it ljocht bliuwt en yn july is dat wol fyftjin oeren.

 
Fleanende griene spjocht.

Yn 'e flecht giet de fûgel op en del, werby't er trije of fjouwer fleugelslaggen ôfwikselet mei in koarte glydflecht mei tichttearde fleugels. Yn ferlikening ta de measte oare spjochten is de griene spjocht in soad op de grûn te sjen en wit er him dêr folle makliker te bewegen. Ofstannen oant trije meter makket er mei lytse hipkes fan elts goed 25 sm. Yn it tsjuster fleant de fûgel net. Hy klimt floeiender en net sa skokkerich as bygelyks de grutte eksterspjocht (Dendrocopus major), mar mei minder faasje as de griiskopspjocht. In lytse ôfstân tusken twa beammen makket de griene spjocht troch earst omheech te klimmen en dêrnei mei in glydflecht nei de oare beam te fleanen. As mear beammen tichteby inoar steane, werhellet er dat ferskillende kearen efter inoar.

 
Griene spjocht dy't beien yt.

De griene spjocht siket it iten hast allinne op 'e grûn en hakt in stik minder yn 'e beammen as de measte spjochten. Hy yt meast michammels en de larven dy't dêr te finen binne en is dêryn fan alle Sintraal-Europeeske spjochten it meast betûft. De griene spjocht siket syn iten fral yn koart gers op in losse boppegrûn, dêr't de measte mychammelnêsten te finen binne. Hy pakt de mychammels mei syn klibberige tonge, wylst er mei syn snaffel it materiaal ferwideret om by syn iten te kommen. Somtiden yt de griene spjocht ek oare lidpoatige bistjes en ek jaget er bytiden op lytse reptilen. It iten wurdt oanfolle mei beien, lykas hûnebeien fan 'e koetsekraal, it fleisich omklaaisel fan it sied fan 'e taksis of fruchten lykas kersen, apels en druven.

As der winterdeis snie leit kin de griene spjocht tunnels grave om by mychammels te kommen, der is waarnommen dat in griene spjocht in tunnel fan 85 sm makke. Ek yt de griene spjocht winterdeis lidpoatigen lykas wantsen, miggen, neefkes en spinnen.

Fuortplanting

bewurkje seksje
 
Nêst.

Al yn it earste jier fan syn libben wurdt de griene spjocht geslachtsryp. Yn desimber begjint it mantsje te roppen om yndruk op wyfkes te meitsjen en de moannen jannewaris en febrewaris is er dêr it drokste mei. Yn Sintraal-Europa wurdt der healwei maart oant begjin april op 't lêst de pearkes foarme en de grinzen fan it territoarium ôfset.

De griene spjocht brûkt foar it nêst in beamholte en siket faak in earder nêst of sliepholte út fan oare spjochten. As er sels in nêstholte makket, dan docht er dat it leafst yn fermôge hout. Wat de beamsoarte oanbelanget makket it de griene spjocht net in soad út. Yn West-Europa siket er faak ikebeammen, bûken, wylgen en fruitbeammen út, yn Noard-Europa binne dat faak popelieren.

It úthakken fan in nêst is fral it wurk fan it mantsje en dêr is er sa'n 15 oant 30 dagen mei dwaande. Op in hichte fan teminsten 1 meter fan 'e grûn hat er syn nêst oant hielendal yn 'e top fan in grutte beam. De griene spjocht hat in relatyf grutte holte fan 15 oant 40 sm djip. It fleangat is likernôch 5-6 sm breed en 7,5 sm heech. Guon holtes wurde wol mear as tsjien jier troch griene spjochten brûkt.

 
Aaien.

Tusken begjin april en healwei maaie wurde fiif oant acht wite aaien lein, elts mei in ôfmjitting fan trochsnit 31 by 23 mm en 8,9 gram swier. Yn 14 oant 20 dagen wurde de aaien troch beide fûgels útbret en se wikselje inoar om 'e 1,5 oant 2,5 oere ôf. Allinne by it mislearjen fan it briedsel wurdt der foar in twadde kear aaien lein. Faak wurdt dan in oare holte brûkt.

 
Jonge fûgel dy't fuorre wurdt.

De jonge fûgels krije mychammels en larven en kinne nei 21 oant 27 dagen fleane. Ek as de fûgels it nêst ferlitte bliuwe de âlders har noch fuorjen, somtiden wol sân wiken nei it útkommen fan 'e aaien.

Jonge fûgels oant fyftjin wiken âld hâlde noch in skoft kontakt mei de âlders, ear't hja sels in territoarium sykje. Dy fine se yn 'e regel net fier fan harren berteplak, yn 'e regel net fierder as tritich kilometer.

Fersprieding

bewurkje seksje

De griene spjocht libbet yn goed trijefearns part fan Europa en fierder yn it west fan Aazje. It is in stânfûgel, dy't op it fêstelân fan Europa libbet, yn Grut-Brittanje en yn it suden fan Noarwegen en Sweden. Yn Finlân, Ierlân en op Gibraltar en Malta is de fûgel in dwaalgast. Op it Ibearysk Skiereilân libben de besibbe Ibearyske griene spjocht (P. sharpei), dy't foarhinne as in ûndersoarte beskôge waard. De griene spjocht komt dêr allinne yn 'e omkriten fan 'e Pyreneeën foar. Yn Aazje komst de griene spjocht foar yn Lyts-Aazje en nei it easten ta yn Turkmenistan, Iran en de Kaukasus.

De grutste populaasjes binne te finen yn Sintraal-Europa. Mei't it minder gie mei de reade boskmychammel hat de griene spjocht syn iten útwreide mei oare soarten mychammels en dêrmei wist er ek syn ferspriedingsgebiet út te wreidzjen.

Yn Fryslân wie de griene spjocht eartiids in seldsume fûgel. It meast wie de fûgel yn it súdeasten fan 'e provinsje te sjen, mar de griene spjocht hat syn leefgebiet útwreide en komt no ek yn 'e Noardlike Wâlden foar.[1] De grutste Nederlânske konsintraasjes fan 'e griene spjocht binne yn 'e súdlike provinsjes en it easten fan Oerisel en Gelderlân te finen. Stikken dêr't de fûgel hast net foarkomst binne it westen fan Fryslân, dielen fan Grinslân en de provinsje Flevolân.

De griene spjocht mei graach oer in lânskip mei âlde beammen, ôfwiksele mei iepen gebiet en genôch mychammels. Hy slept en briedt yn iepen bosk, boskrânen, parken en beamrike tunen en siket syn iten op gerslân, heide, jonge bosken en hôven.

Troch syn spesjalisaasje yn mychammels dy't op 'e grûn libje is de griene spjocht winderdeis kwetsber. Hy komt dêrnoch fral yn leger gebiet foar en op bergen oant 500 meter boppe seenivo. Yn 'e Alpen en Transkaukaazje libbet er oant in hichte fan 2000 meter mei in pear útsjitters.

 
Jonge fûgel.

De griene spjocht hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasjetichtens. Neffens in rûzing fan BirdLife International lei it tal briedpearen yn Europa yn 2015 op 587.000 oant 1.050.000. Der wurdt rûsd dat de Europeeske populaasje 95% fan it totaal útmakket.

Njonken strange winters mei dikke snielagen en beferzen grûn, kinne feroarings yn e lânbou eb bosbou in bedriging foar de fûgel betsjutte. Nei in strange winter mei in soad stjergefallen hat de populaasje yn 'e regel 10 jier nedich om wer op it âlde oantal te kommen.

It giet hast oeral yn Europa goed mei de griene spjocht. Dêrfandinne is de fûgel as 'net bedrige' klassifisearre op 'e Reade List fan IUCN. Op de Nederlânske Reade List wie de status kwetsber, om't der sûnt de jierren 1970 in tebekgong wie. Nei't de stân fan 'e griene spjocht nei 1990 ferbettere is de fûgel by it opmeitsjen fan 'e nije Reade List yn 2016 fan 'e list ferwidere.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Groene specht (ferzje 22 desimber 2023)

  1. Us Gea: Hakken en roffelen, Winter 2023, side 8-9