Ida Ljungqvist
Ida Lungqvist (yn Tanzania, 27 septimber 1981), is in Tanzaniaansk-Sweedsk neakenmodel dat yn maart 2008 yn 'e Amerikaanske edysje fan 'e Playboy stie. Hja wie de earste yn Afrika berne frou dy't ea útkeazen waard as Playboy Playmate fan 'e Moanne. Yn 2009 wie se Playmate fan it Jier.
Ida Ljungqvist | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ida Ljungqvist | |
nasjonaliteit | Tanzaniaansk Sweedsk | |
berne | 27 septimber 1981 | |
berteplak | ? (Tanzania) | |
etnisiteit | Tanzaniaansk Sweedsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel | |
jierren aktyf | 2008 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeLjungqvist waard yn 1981 yn Tanzania berne as de dochter fan in Tanzaniaanske mem en in Sweedske heit. Fanwegen har heite wurk foar UNICEF, it bernefûns fan 'e Feriene Naasjes, reizge Ljungqvist yn har jonkheid hiel wat ôf. Se sprekt se floeiend Ingelsk, Sweedsk en Swahily. Hja hat diploma's yn moade-ûntwerp en marketing, en se is fan doel om fierder te learen op it mêd fan ekonomy.
Karriêre
bewurkje seksjeYn 2007 waard Ljungqvist ûntdutsen troch Playmate fan it Jier 2007 Sara Jean Underwood, wylst se op 'e eksklusive winkelstrjitte Rodeo Drive, yn it Kalifornyske Beverly Hills, oant it winkeljen wie. Op oantrún fan Underwood stimde Ljungqvist deryn ta om in neaken te posearjen foar de oarspronklike, Amerikaanske edysje fan it neakenblêd Playboy. Har fotoreportaazje waard publisearre yn it maartnûmer fan 2008, en Ljungqvist waard dêrby as earste yn Afrika berne frou útroppen ta Playboy Playmate fan 'e Moanne. Neitiid waard sy fan 'e tolve Playmates fan 'e Moanne út 2008 útroppen ta Playmate fan it Jier 2009.
Ljungqvist is de earste Playmate fan it Jier dy't har titel publyklik opdroegen hat oan filantropysk wurk fia ferskate non-profitorganisaasjes en goeddiedichheidsynstellings. Dêrby hat se benammen gearwurke mei Empowerment Works, in tinktank dy't him taleit op wrâldwide duorsumens. Ljungqvist har oandiel bestiet derút om har bekendheid te brûken foar reklame en it ynsammeljen fan jild foar dy organisaasje.
Priveelibben
bewurkje seksjeYn desimber 2007 troude Ljungqvist mei in Joshua R. Lang, mei wa't se doe al fjouwer jier gearwenne. Yn septimber 2008 rûn it houlik lykwols op 'e klippen, wêrnei't it pear yn in lange striid ferwikkele rekke oer de fâdij fan harren chihuahua. Yn maaie 2009 waard Ljungqvist oanklage troch in Katrina Kantner, dy't bewearde dat Ljungqvist $90.000 oannommen hie fan har eks-man Doug Kantner, yn in snuorje dat dyselde it ferhipte om syn alimintaasje fan $10.000 yn 'e moanne op te hoastjen. Kantner loek de rjochtsaak yn novimber fan datselde jier yn. Yn 2012 krige Ljungqvist in lesbyske relaasje mei in oare Playboy Playmate, Kristina Shannon, in eardere freondinne fan Playboy-eigner Hugh Hefner.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|