Ids de Beer (Nes (West-Dongeradiel), 7 juny 1916 - Ljouwert, 2 febrewaris 1945) wie in Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich.

It oarlochsmonumint op it Noarderbolwurk fan Dokkum mei de namme Ids de Beer

De Beer wie hannelsreizger en wenne yn Nes (Dongeradiel). Hy wie lid fan de LO fan Dokkum. Syn fersetsnamme wie "Viervoeter". Nei de eksekúsje fan tweintich finzenen oan de Wâldwei te Dokkum op 22 jannewaris 1945, sochten alle fersetsminsken út dy kriten sa gau mooglik in feilich ûnderdûkplak. Ek De Beer stie op de list fan minsken dy't socht waarden. Op 2 febrewaris waard syn skûlplak yn Ljouwert ûntdutsen. Hy besocht te flechtsjen, mar waard delsketten en is noch deselde deis oan syn ferwûnings stoarn.

De Beer wie grifformeard en hannele tsjin ûnrjocht fanút syn bibelske oertsjûgings. Hy wie troud en liet in frou en twa bern nei. Hy waard beïerdige op it Herfoarme Begraafplak yn Nes. Yn Nes is ek in betinkteken foar him oprjochte en in strjitte nei him neamd.

Keppelings om utens

bewurkje seksje