Idzerd Frans van Humalda van Eysinga

Jhr. mr. Idzerd Frans van Humalda van Eysinga (Ljouwert, 26 jannewaris 1843 - De Haach, 24 april 1907) wie in Nederlânsk politikus.

Idzerd Frans van Humalda van Eysinga

Humalda van Eysenga wie in soan fan Earste Keamerlid en Minister fan steat jhr. Frans Julius Johan van Eysinga en Johanna Henriëtta Reinoudina Boelens. Humalda van Eysinga wie lid fan de Steaten fan 1871 oant 1884 (foar it kiesdistrikt Ljouwert) en lid fan Deputearre Steaten fan 8 july 1874 oant 1 oktober 1879. Wie lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal fan 16 septimber 1879 oant 15 april 1884, ôffurdige foar it distrikt Dokkum, en lid fan de Ried fan Steat fan 1 maaie 1884 oant 24 april 1907.

Yn Fryslân tige warber as bestjoerder. As skoalleopsjenner en mei-oprjochter fan de Feriening Folksûnderwiis sette er him yn foar ferbettering fan it ûnderwiis. Hy wie saakkundige op it mêd fan administrative rjochtspraak en 23 jier steatsried. Hy wie fierders in goede pianist en organist en komponearre ûnder oaren koarwurk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: