Ienentwintichste Wyk
De Ienentwintichste Wyk is in wyk yn de gemeente It Hearrenfean. De wyk rint bylâns de Kapellewei.
Der binne wol 23 wiken eastlik fan Jobbegea, dy't oanlein binne yn de tiid fan de feanterij. In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren. Yn dit gefal is de haadfeart de Skoatterlânske Kompanjonsfeart
De namme Ienentwintichste Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme 21e Wyk.