Ierdalkalymetaal
(Trochferwiisd fan Ierdalkalimetaal)
Ierdalkalymetalen (IUPAC-groepnûmer 2, earder bekend as IIa) binne in groep eleminten út it periodyk systeem dy't in elektroanekonfiguraasje [X]ns2 is, dêr't [X] in edelgas oantsjut. De twa elektroanen yn de bûtenste s-skyl kinne it atoom maklik ferlitte dêr't de ierdalkalymetalen twawurdige katioanen foarmje.
Alle eleminten út dy groep binne ûnedele metalen en de oksiden binne tsjinsoer. De sterkens fan de M(OH)2 tsjinsoer nimt ta fan boppe nei ûnderen yn de kolom. Harren sâlten losse yn it algemien minder goed op yn wetter as de sâlten fan alkalymetalen. Hja losse lykwols reedlik goed op.
Hjirûnder steane alle ierdalkalymetalen:
4 Be |
12 Mg |
20 Ca |
38 Sr |
56 Ba |
88 Ra |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ierdalkalymetaal fan Wikimedia Commons. |