Iisdûker
De iisdûker (Gavia Immer) is mei sa'n 73-88 sm in grutte seedûker. Hy is justjes lytser as de gielsnaffeldûker.
iisdûker | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
simmerkleed winterkleed | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Gavia immer | ||||||||||||
Brünnich, 1764 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast trochtrekker |
De iisdûker briedt op it binnenwetter fan Kanada, Alaska, op Grienlân en ek op Yslân. It wyfke leit 2 aaien yn in nest oan de râne fan in mar flakby it wetter. De beide âlden briede de aaien tegearre yn sa'n 30 dagen út.
By winterdei ferspriedet de iisdûker him oer in grutter gebiet, en komt er fierder nei it suden. Dan is er ek te finen lâns de hiele Jeropeeske westkust en alle de kusten fan Noard-Amearika.
Lykas de oare seedûkers is de iisdûker in fiskiter. Hy fangt syn proai ûnder wetter; dêrby kin er dûke oant in djipte fan likernôch 60 meter.
De iisdûker is de nasjonale fûgel fan Kanada en stiet ek op de Kanadeeske $1,- munt. Dy munt wurd dêrom ek wol in Loonie neamd nei de Amerikaansk-Ingelske namme Common Loon.