Indiculus superstitionum et paganiarum
De Indiculus superstitionum et paganiarum (Latyn foar listke byleauwige en heidenske brûkmen) is in list fan 30 ôf te karren brûkmen fan de heidense Friezen en Saksen, dy't troch de al kerstene Franken yn de 8e iuw ûnderwurpen wienen.
De list is opmakke yn tsjerklik fermidden, grif op de ein fan de 8e iuw, yn it Latyn. Yn it manuskript stiet de list daliks nei de Uterske doopsûnthjit.
Ynhâld
bewurkje seksjeYn de list wurde ôf te karren ferearingen neamd op hillige plakken yn de natuer as boarnen, beammen en stiennen. Fierder wurdt it brûken fan tsjoenspreuken, amuletten, wichelroedzje, bepaalde rituelen by deade minsken, feesten ta eare fan heidense goaden en de oanbidding fan de moanne ferbean.[1][2]
- De sacrilegio ad sepulchra mortuorum. – „Oer hillichskeinings by de graven fan deaden“
- De sacrilegio super defunctos id est dadsisas. – „Oer hillichskeining boppe de deaden, it sjongen by it leedmiel“
- De spurcalibus in Februario. – „Oer banketten yn febrewaris“
- De casulis id est fanis. – „Op lytse gebouwen, dat wol sizze skrinen“
- De sacrilegiis per aecclesias. – „Oer hillichskeining oan tsjerken“
- De sacris siluarum quae nimidas vocant. – „Oer beamhillichdommen, dy't hja nimida's neame“
- De hiis quae faciunt super petras. – „Oer de dingen dy't hja boppe bepaalde stiennen dogge“
- De sacris Mercurii, vel Iovis. – „Oer offers oan Merkurius en Jupiter“
- De sacrificio quod fit alicui sanctorum. – „Oer de offertsjinst foar ien oft oare hillige“
- De filacteriis et ligaturis. – „Oer amuletten en bynsels“
- De fontibus sacrificiorum. – „Oer oanbidding fan boarnen“
- De incantationibus. – „Oer beswarrings“ (Galdr)
- De auguriis vel avium vel equorum vel bovum stercora vel sternutationes. – „Oer de foartekens út de útwerpsels fan fûgels, hynders of kij en prústen“ (Spá)
- De divinis vel sortilegis. – „Oer takomstfoarsizzings en it smiten fan it lot“
- De igne fricato de ligno id est nodfyr. – „Oer in fjoer dat fan raspt hout makke wurdt, wat nodfyr betsjut"
- De cerebro animalium. - "Oer it dierlik brein"
- De observatione pagana in foco, vel in inchoatione rei alicuius. - "Oer heidense waarnimmings yn de iepen hurd, of it begjin fan elts ding"
- De incertis locis que colunt pro sacris. "Oer plakken yn it ûnwisse, dy't hja as hillichdom ferearje“ (nemetons)
- De petendo quod boni vocant sanctae Mariae. "Oer it foarbeaen om sûnens oan te roppen by in hillige, dy't as Hillige Marije sjoen wurdt"
- De feriis quae faciunt Jovi vel Mercurio. "Oer feesten dyt'hja foar Jupiter en Merkurius hâlde"
- De lunae defectione, quod dicunt Vinceluna. - "Oer it skaad fan de moanne dy't hja "Vinceluna" neame"
- De tempestatibus et cornibus et cocleis. - "Oer stoarmen, de hoarnen fan bollen en slakken"
- De sulcis circa villas. - "Oer greppels om doarpen hinne"
- De pagano cursu quem yrias nominant, scissis pannis vel calciamentis. - "Oer de heidense Omloop dy't hja Yria neame, mei stikkene klean en skoannen"
- De eo, quod sibi sanctos fingunt quoslibet mortuos. - "Oer wat hja sels omskriuwe as in hillige dea"
- De simulacro de consparsa farina. - "Oer it byld fan ferspriede nôt"
- De simulacris de pannis factis. - "Oer bylden makke fan doek"
- De simulacro quod per campos portant. - "Oer it byld dat oer de fjilden droegen wurdt"
- De ligneis pedibus vel manibus pagano ritu. - "Oer houten fuotten en hannen nei de heidense rite"
- De eo, quod credunt, quia femine lunam comendet, quod possint corda hominum tollere juxta paganos. "Oer dat, wêrom froulju de moanne fertrouwe, wat de herten fan minsken ferheffe kin by de heidenen" (Seiðr)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Oersetting fan de list yn: J. van Eijnatten en F. van Lieburg (2006, twadde printinge), Nederlandse religiegeschiedenis, side 57, Utjouwerij Verloren, ISBN 9065509283
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|