De Inketfiskswam (Clathrus archeri, synonym: Anthurus archeri) is in skimmel út de grutte famylje Phallaceae, sis mar de stjonkswammefamylje.

inketfiskswam
Inketfiskswam yn Burgum
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme stâltsjeswammen (Basidiomycota)
klasse plaatsjesswammen (Agaricomycetes)
skift stjonkswameftigen (Phallales)
famylje stjonkswammen (Phallaceae)
skaai traaljestjonkswammen (Clathrus)
soarte
Clathrus archeri
(Berk.) Dring 1980

Beskriuwing bewurkje seksje

De foarm fan de skimmel docht tinken oan de tentakels fan de inketfisk. Ynearsten ûntstiet der in aaifoarmige bol, it saneamde duvelsaai, dêr't meardere lange readkleurige tentakels út komme en dan út inoar waakse. Om de swam hinne hinget in nei kadavers stjonkende rook, itjinge tal fan miggen oanlûkt.

Foarkommen bewurkje seksje

De inketfiskswam komt oarspronklik út Austraalje en Tasmaanje en wurdt sûnt 1921 fûn yn Europa. Der wurdt tocht dat der spoaren fan de swam meinommen binne troch de Australyske troepen, dy't yn de Earste Wrâldkriich yn Europa meifochten. In oare teory is dat skimmel mei de ynfier fan Australyske wol yn Europa telâne kaam. Wis is dat snypsel fan hout it fierder fersprieden fan de inktfiskswam holpen hat.

De soarte is noch seldsum yn Nederlân, mar komt wol jimmeroan mear foar yn wiet greidelân en/of yn in boskeftige omjouwing.

Yn oktober 2020 helle it foarkommen fan in koloanje inketfiskswammen oan de Kolfbaan yn Burgum it nijs.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: