It Anker (Moddergat)

It Anker yn Moddergat is ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente Peazens-Moddergat. De oarspronklik grifformearde tsjerke stiet yn Moddergat.

It Anker
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Moddergat
koördinaten 53° 24'N 6° 04'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1889
boustyl neogotyk
Webside
ûnbekend
Kaart
It Anker (Fryslân)
It Anker

Moddergat lei by it ûnstean fan it doarp eartiids yn de gemeente West-Dongeradiel. Tsjerklik hearde it dêrom net by it oanbuorjende doarp Peazens, dat yn de gemeente East-Dongeradiel lei, mar ûnder de herfoarme gemeente Nes-Wierum.

Mei it oanbrekken fan de doleânsje waard de 'Dolearjende Tsjerke fan Nes-Wierum' oprjochte, dêr't ek de grifformearde Moddergatsters ûnder foelen. De grifformearden fan Moddergat tsjerkten yn dy tiid yn in skuorre oan de Achterwei.

 
Grifformearde tsjerke fan Moddergat

Dochs foarmen de grifformearde ynwenners fan Moddergat leaver ien gemeente mei dy fan it oanbuorjende Peazens. Op 8 maart 1889 krigen hja tastimming om de Nederduitsche Gereformeerde Kerk te Paesens-Moddergat te ynstituearjen. De plannen foar de bou fan in eigen tsjerke oan de Seewei einen tige hurd, want al tsjin it ein fan itselde jier waard der in mânske grifformearde tsjerke oan de Seewei iepene.[1]

De grifformearde tsjerke groeide yn dy tiid hurd en al yn 1924 moast de tsjerke grutter makke wurde.

De ynrjochting datearret út de tiid fan de ferbouwing fan 1924 is noch geef. Ut dy tiid datearje ek de glês-yn-leadramen fan de tsjerke. Allinne de preekstoel is letter modernisearre. Oan it ferwulft fan de tsjerke hinget in fiskersboat.

Yn 1909 folge de bou fan in oargel troch Bakker & Timmenga. It earste liet dat op it oargel spile waard, wie psalm 68 fers 5. It oargel waard yn 1971 restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. gereformeerdekerken.info, oproppen 23 febrewaris 2023