It Hûs fan Bernarda Alba
It Hûs fan Bernarda Alba, yn it oarspronklike Spaansk: La Casa de Bernarda Alba, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e fermoarde Spaanske toanielskriuwer en dichter Federico García Lorca (1898-1936). It is ien fan syn meast ferneamde stikken en foarmet yn 'e mande mei De Bloedbrulloft en Yerma syn offisjeuze "Plattelânstrilogy". García Lorca skreau La Casa de Bernarda Alba yn 1936, en foltôge it op 19 juny fan dat jier, persiis twa moanne foar syn dea. It waard foar it earst opfierd yn 1945. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma is út 1989.
It Hûs fan Bernarda Alba | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | La Casa de Bernarda Alba | |
auteur | Federico García Lorca | |
taal | Spaansk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 1936 | |
1e opfiering | 1945 | |
rige | ||
rige | Plattelânstrilogy | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Hûs fan Bernarda Alba | |
publikaasje | 1989, Aldemardum | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
Eftergrûn
bewurkje seksjeYn syn ûndertitel omskreau García Lorca La Casa de Bernarda Alba as "in toanielstik fan froulju yn 'e doarpen fan Spanje". It stik beljochtet de foarfallen yn in perioade fan rou yn in hûs yn Andalûsje, dêr't Bernarda Alba de skepter swaaid oer har fiif dochters Angustias (39), Magdalena (30), Amelia (27), Martirio, (24) en Adela (20), har húshâldster Poncia en har bejierre mem María Josefa. Mei it útsluten fan lykfol hokker manlik personaazje fan it toaniel bout García Lorca dêrby in seksuële spanning op dy't it hiele stik troch fielber bliuwt. De iennichste man dy't by de wederwarichheden belutsen is, Pepe, de frijer fan 'e dochters, wurdt inkeld neamd en ferskynt net op it poadium. It toanielstik ferkent motiven lykas ûnderdrukking, pasjonearre leafde en oanpassing oan jins om-en-by, en ûndersiket de effekten dy't manlju op froulju hawwe kinne.
Ynhâld
bewurkje seksjeNei de dea fan har twadde man leit de dominante matriarch Bernarda Alba har húshâlding in rouperioade fan acht jier op, sa't de famyljetradysje dat foarskriuwt. Har dochters, dy't se dochs al eltse omgong mei in man ûntsein hat, wurde dêrtroch noch fierder isolearre fan 'e bûtenwrâld, en de spanning yn it hûs rint op.
De âldste dochter, Angustias, hat in flinke som jild urven fan har heit, Bernarda har earste man, mar de oare fjouwer dochters hawwe mar in bytsje urven fan harren eigen heit, de twadde man fan Bernarda. Hoewol't Angustias al 39 jier is, wat syklik en net kreas, is sy it om wa't de oantreklike jonge frijer Pepe stiket. Har healsusters binne oergeunstich, fral de jongste, Adela, dy't smoarfereale op Pepe is en by wa't er geregeldwei, sa blykt letter, temûk komt te jûnspizeljen. Sawol yn Angustias as yn Adela ropt Pepe syn oandacht opstannigens op foar har mem oer. Ek ûnderling hawwe de susters allegeduerigen spul. Fral Adela en Martirio, dy't ek gefoelens foar Pepe blykt te hawwen, reitsje alhiel twaresom. Der wurdt suggerearre dat Adela swier is fan Pepe.
De saken komme ta in klimaks as de famyljeleden de konfrontaasje mei-inoar oangean en Bernarda mei in gewear Pepe fan it hiem ôf jaget. Der klinkt in skot, folge troch in gjalp, wat suggerearret dat Bernarda him deasketten hat, mar as se wer yn 'e hûs komt, blykt út it praat dat it sa raar net gien is en dat se him inkeld skampe hat. Underwilens is Adela nei har keamer ta flechte en as se net reägearret op Bernarda har befellen om derút te kommen, wurdt de doar iepenbrutsen; Adela blykt harsels, yn 'e ferûnderstelling dat har mem har frijer deade hie, tekoart dien te hawwen troch yn it tou te gean. De reäksje fan har mem is karakteristyk: Bernarda hâldt by heech en by leech út dat Adela noch faam wie en easket dat dat it hiele doarp dúdlik makke wurdt. Se is inkeld dwaande mei de goenamme fan har famylje; de dea fan har dochter docht har net folle.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Fryske oersetting fan La Casa de Bernarda Alba ferskynde yn 1989 ûnder de titel It Hûs fan Bernarda Alba. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, dy't ek ferantwurdlik wie foar it oersetten yn it Frysk fan û.m. Homêros syn Ilias en Odyssee, Feroarings fan Stal fan Ovidius en Lânwurk fan Fergilius.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |