It Huneskip
keunstwurk
It Huneskip is in keunstwurk yn it plantsoen oan it Beaken/Helmhout yn de wyk Skipsleat op De Jouwer.
It Huneskip | ||
keunstwurk | ||
bysûnderheden | ||
jier | 1990 | |
keunstner | Marja van Elsberg en Ireen Draaijers | |
materiaal | waarfêst stiel, swerfstien, hurdstien | |
plak | De Jouwer | |
lokaasje | It Beaken/Helmhout, wyk Skipsleat; |
It objekt waard makke troch de keunstneressen Elsberg en Draaijers. Yn de wenwyk Skipsleat ferwize de strjitnammen nei de skipfeart. It keunstwurk hat de foarm fan in 13de iuwske Hânzekogge en stiet oan de râne fan in fiver. De ferwurke swerfstiennen binne fûn by it bouryp meitsjen fan de wyk.[1]
It mânske seil is makke fan waarfêst stiel. De trijehoekige foarm slút oan by de foarm fan it plein.
De tsjokke betontegels fan de pleinfluorring om it keunstwurk ha de kleuren wyt, read en swart.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|