Izer (rivier)
De Izer is de koartste fan de trije Belgyske rivieren dy't op see útkomme. Om't de oare twa, de Maas en de Skelde, fierder rinne nei Nederlân is de Izer fan de trije de ienichste dy't yn Belgje yn see útkomt. De totale langte berint 78 kilometer, wêrfan 45 yn Belgje.
Rin
bewurkje seksjeDe Izer ûntspringt west fan Kassel yn Noard-Frankryk. De rivier hat twa offisjele boarnen: by Buisscheure en Lederzele. Op Frânsk grûngebiet rint er fierder by Broksele, Bollezele, Ekelsbeke, Wilder, Bambeke en Houtkerke lâns. De Izer wurdt fierders fuorre troch de Penebeek (Peene Becque), de Vuilebeek (Sale Becque) en de Herzele (Herzeele).
De Zwijnebeek (Zwyne Becque) oan de linkerwâl en de Heidebeek (Ey Becque) oan de rjochterwâl foarmje beide in ein lang de grins tusken Frankryk en Belgje. De Izer mûnet op 'e hichte fan Nijpoarte fia de Ganzepoot út yn de Noardsee.
Earste Wrâldkriich
bewurkje seksjeDe rivier wie ûnder de Earste Wrâldkriich it taferiel fan in stellingen- en rinfuorgekriich; de Belgyske en Dútske legers hienen harren beide oan de iggen fan de rivier yngroeven. It Belgyske leger koe dêr stânhâlde neidat se op foarstel fan de ûndersyksrjochter fan Veurne in diel fan de Izerflakte ûnder wetter strûpe litten hiene. Fierder it lân yn waarden de alliearde lynjes bemanne troch Britske en Frânske troepen.
Lykas op oare plakken yn de regio hawwe har hjir ferskriklike taferielen ôfspiele. Yn Diksmuide stean oan de Izer twa monuminten dy't dizze grouwel betinke: de Izertoer en de Deadengong.