Diksmuide (Frânsk: Dixmude, Smude) is in stêd yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De stêd leit yn de Frânsk-Belgyske regio Westhoeke, oan de Izer en de Handzamefeart.
De fúzjegemeente Diksmuide bestiet sûnt 1977 út 15 dielgemeentes. Diksmuide is de grutste gemeente nei oerflak yn West-Flaanderen. Se hat sa'n 16.000 ynwenners.

Diksmuide
Flagge Wapen
Polityk
Lân België
Provinsje West-Flaanderen
Gemeente Diksmuide
Sifers
Ynwennertal 16.551 (2016)
Oerflak 149,4 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 110 / km²
Hichte m
Oar
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Webside www.diksmuide.be
De Izer yn Diksmuide

De gemeente hat hjoeddedei in fral agrarysk karakter en biedt op dat mêd in protte wurkplakken, wêrby't Diksmuide in sintrumfunksje ferfollet yn tsjinstferliening en yndustry. Diksmuide hat de bynamme Bûterstêd, wat ferwijst nei de bloeiende suvelhannel, dy't iuwenlang ien fan de wichtichste ekonomyske pylders fan de stêd wie. De stêd is ek bekend fan de Earste Wrâldoarloch; troch syn lizzing oan it Izerfront hat it plak it swier te ferduorjen hân. Yn de tweintiger jierren waard de stêd folslein op 'en nij boud.

# Namme Oerflak
(km²)
Ynwennertal
(01/01/2007)
I Diksmuide 2,12 5.180
II Esen 17,53 1.854
III Kaaskerke 8,73 458
IV Beerst 11,66 1.127
V Vladslo 17,33 1.239
VI Leke 10,73 1.124
VII Keiem 12,92 1.298
VIII Stuivekenskerke 7,34 160
# Namme Oerflak
(km²)
Ynwennertal
(01/01/2007)
IX Pervijze 12,23 886
X Lampernisse 13,62 198
XI Oostkerke 3,77 285
XII Oudekapelle 6,51 135
XIII Sint-Jacobskapelle 3,25 96
XIV Nieuwkapelle 7,85 406
XV Woumen 13,83 1.307

Boarne : www.westhoek.be

 
De stedsdielen fan Diksmuide

Susterstêden

bewurkje seksje

Bekende lju út Diksmuide

bewurkje seksje
West-Flaanderen  
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
  ·   ·