Zonnebeke
Zonnebeke is in Belgyske gemeente yn it súdwesten fan de provinsje West-Flaanderen. De krite stiet ek bekend as de Westhoeke. De gemeente bestiet njonken Zonnebeke sels út noch fjouwer dielgemeenten: Beselare, Geluveld, Passendale, Zandvoorde. De gemeente hat goed 12.500 ynwenners. Yn it lokale Flaamsk hjit de gemeente Zunnebeke.12.653 inwoners (op 1 januari 2023),
Zonnebeke | ||
Gemeentehûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 12.653 (2023)[1] | |
Oerflak | 67,57 km² | |
Befolkingsticht. | 187 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8980 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 52' N 2° 59' E | |
Offisjele webside | ||
webstee gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme Zonnebeke komt fan Sinnebeche. De earste fermelding fan Sinnebeche datearret fan om 1072 hinne. Dat stiet yn in oarkonde fan biskop Drogo út Terwaan, weryn't dy in kastlein út iper freget om in kapittel fan trije koarhearen te foarmjen en te ûnderhâlden yn in al besteande parochytserke. Sa ûntstie in kleaster, dat letter de ynfloedrike Augustynske abdij Zonnebeke waard. In eintsje fierderop ûntstie ek in benediktynske nonnemienskip, de Abdij fan Nonnenbos. Oan 'e ein fan 'e 16e iuw waarden de nonnen ferdreaun nei Ieper, wylst de abdij it folhold oant de Frânske Republyk yn 1797 alle tsjerkebesit yn beslach naam en ferkocht. De bewenners fan it kleaster waarden ferballe.
De krite om en yn Zonnebeke wie yn 'e Earste Wrâldkriich it toaniel fan slimme fjildslaggen. Yn maaie 1915 folge de besetting fan Zonnebeke troch de Dútsers en yn septimber 1917 namen de Britten Zonnebeke wer yn. Yn april 1918 oermasteren de Dútsers Zonnebeke nochris oant hja it op 28 septimber 1918 definityf wer opjaan moasten. It Tyne Cot Cemetery yn de dielgemeente Passendale is it grutste Britske militêre begraafplak fan 'e wrâld. Under de Us-Leaffrouwetsjerke fan Zonnebeke leit in ûndergrûnsk skûlplak foar de Britske soldaten yn 'e Earste Wrâldkriich, dat bekend stiet as de Zonnebeke Church Dugout. Fan Zonnebeke bleau gjin stien op de oare oer.
It wie net wis oft Zonnebeke nei de Earste Wrâldkriich wer opboud wurde soe, mar mei stipe fan it Belgyske regear waard der dochs mei weropbou útein set. Dêryn spile de arsjitekt Huib Hoste in wichtige rol, alhoewol't syn modernisme op tefolle wjerstân stjitte om al syn plannen út te fieren. Hy realisearre úteinlik de Us Leaffroutsjerke, de doetiidske gemeenteskoalle, de pastorije en in rige huzen yn de Roeselarestrjitte. Arsjitekt Antoon Dujardijn út Brugge ûntwurp it gemeentehûs, dat sûnt in soad fernijings ûndergien hat troch û.o. ferbouwings yn 1975 en 1994 en de tafoeging fan in tagong mei resepsje yn 2011.
Namme
bewurkje seksjeZonnebeke of Sinnebeche betsjut safolle as wetterstream.
Yndieling
bewurkje seksjeNjonken Zonnebeke bestiet de gemeente út de dielgemeenten Beselare, Geluveld en Zandvoorde en Passchendaele. Fierder lizze der noch in pear buorskippen lykas Molenaarelst, Broodseinde en Frezenberg.
Nû. | Plaknamme | Westflaamsk | Oerflak (km²) |
Ynwennertal (2017) |
Kaart |
---|---|---|---|---|---|
I | Zonnebeke | Zunnebeke | 16,55 | 4.472 | |
II | Beselare | Beseloare | 14,33 | 2.684 | |
III | Geluveld | Gilleveld | 7,79 | 1.553 | |
IV | Passendale | Passchendoale | 22,22 | 3.152 | |
V | Zandvoorde | Zanvôorde | 6,68 | 521 |
Musea
bewurkje seksje- Memorial Museum Passchendaele 1917
- Tsiismuseum De Oude Kaasmakerij
Oantinkens Earste Wrâldkriich
bewurkje seksje- Tyne Cot Memorial, Britsk militêr begraafplak
- Buttes New British Cemetery Memorial, Britsk militêr begraafplak
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Zonnebeke
|
West-Flaanderen | |
---|---|
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem | |
· · |